Earesburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
L st
Rigel 9:
 
==Earesburch as mooglik plak fan de Irminsul==
Earesburch koe in mooglik plak west hawwe dêr't de [[Irminsul]], in soarte pylder of beam dat ien fan de heidenske hillichdommen fan de Saksen wie, stie. Yn de ''[[Keninklike Frankyske Annalen]]'' út 772 stie dat de Irminsul yn Earesburch sels of yn de omkriten dêrfan stie. De ''[[Annales Petaviani]]'' neamde: ''Hy ferôvere de Earesburch en fûn it plak dat Ermensul neamd is en hy stuts dy plakken yn 'e brân''. Ynearsten naam Karel de Grutte Earesburch yn en dêrnei: ''pervenit ad locum, qui dicitur Ermensul'', "hy fûn it plak dat Irminsul neamd wie". De skriuwer neamt it plak fan Earesburch ''Erisburgo'' en net ''Ermensula''. It tredde part fan de sin neamt: ''et succendit ea loca'', "hy stuts dy plakken (meartal) yn de brân". Mooglik wie dat Karel de Grutte fan Earesburch nei Irminsul ferfear. Neffens oare boarnen hold Karel de Grutte him ta by de Bullerborn, in peridike natuerlike boarne by [[Altenbeken]], foar't er de Irminsul ferôvere en ferneatige hie yn de neikommende dagen.
 
De fraach wêr't it plak fan de Irminsul wie is lykwols misliedend, om't der faaks ferskate dêrfan west hawwe.