Markus Aurelius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L st
Rigel 8:
Doe't hy 15-jier âld wie, regele Hadrianus it sà dat Markus fersein waard oan de dochter fan syn adopsjesoan en takomstige opfolger, [[Aelius]]. Aelius stoar lykwols te gau dat sadwaande moasten syn plannen oanpast wurde. Hadrianus bepaalde yn [[138]], krekt foar syn dea, dat Markus troch syn opfolger, [[Antoninus Pius]] adoptearre wurde moast. [[Lusius Ferus]], de soan fan Aelius, moast dêrby ek adoptearre wurde.
 
Ien jier letter [[139]] krige Markus de titel [[Caesar (titel)|Caesar]] en waard syn fersizzing oan de dochter fan Aelius ûntbûn en nei in arranzjearre fersizzen fersein oan [[Faustina de Jongere]], de dochter fan Antonius Pius. Dit houlik fûn plak yn [[145]]. Sy krigen 13 bern wêrfan't mear as de helt yn 'e bernejierren stjerre soe. Lang om let soe mar ien fan syn soannen yn libben bliuwe, dat wie [[Kommodus]]. Yn syn jeugd, mar ek letter doe't er al keizer wie, bestege Markus Aurelius in soad tiid oan de [[filosofy]]stúdzje. Hy wie in oanhinger fan de Stoïsynske lear fan [[Epiktetus]]. Markus waard oplieden yn de filosofy troch [[Apollonius fan Chalchedon]] en yn de [[retorika]] troch [[Fronto]]. Der is in korrespondinsje tusken learling en learmaster Fronto oerlevere en dit jout in goed byld fan Markus syn oplieding.
 
== Keizer ==