Merkuerius fan Smolensk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
 
Rigel 5:
Merkuerius wie fan Slavysk en keninklike komôf en stamme út [[Moraavje]]. Neffens de beskriuwing wie Merkuerius tige from en brocht er syn libben safolle mooglik yn oerienstimming mei de Skrift. Hy hold hy him oan it fêstjen en keinens en brocht de jûnen troch yn [[gebed]]. Doe't er noch jong wie kaam hy nei Smolensk om dêr te tsjinjen by de foarst fan Smolensk.
 
Under de ynvaazje fan de Mongoalske hearser [[Batû Khan]] kamen de troepen, nei't hja al moardzjend earder al in soad oare Russyske stêden yn 'e jiske lein hiene, ek yn de kontreien fan Smolensk oan. Dêr yn de omkriten sloegen de troepen harren tinten op mei it doel Smolensk en de hillige plakken fan de stêd te ferwoastgjen. Neffens de oerlevering joech de Hillige Jongfaam de koster fan de katedraal de opdracht om Merkuerius te sykjen en op te heljen. Doe't Merkuerius by it ikoan fan de Mem Gods oankaam waard him troch de Jongfaam hjitten de striid oan te gean mei de troepen fan de Khan en tagelyk ûnthiet hja him tidens de striid himelske bystân.
 
Merkuerius die wat him sein wie. Dy nacht gyng er nei it fijanlike kamp en hy deade dêr ûnder it roppen fan de nammen fan de Hear en de Hillige Jongfaam mannich kriger fan de Khan. Ek de ûnbidich grutte oanfierder fan de troepen, dêr't elkenien benaud foar wie wist Merkuerius te deadzjen, mar de soan fan de oanfierder sloech Merkuerius de holle ôf. Doe't de troepen fan de Khan lykwols it himelsk leger seagen, smieten hja harren wapens del en naaiden út.