Johan Christiaan Assien Bohmers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
 
Rigel 5:
== Libben en wurkpaad ==
===Jonge jierren===
Bohmers wie in soan fan in sikeferpleger Hendrik Willem Bohmers (1862-1943) <ref>[http://www.genealogieonline.nl/genealogie-beumer/I7355.php GenealogieOnline Genealogie Beumer]</ref> út Sutfen en Lolkje Uiterwijk út Harns, mei in pear Fryske foarâlden. Bohmers hat altyd niget oan Fryslân hân. Nei de [[HBS]] studearre Bohmers [[geology]] en [[paleontology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Yn syn stúdzjetiid waard er lid fan de [[Arbeiders Jeugd Centrale |AJC]], de jongereinorganisaasje fan de [[SDAP]], fral ûnder ynfloed fan syn ferloofde Wytske Hofstra en wenne op keamers by [[Koos Vorrink]] en de frou. Mei Wytske gier er wol útfanhûs by har famylje yn Fryslân. Wytske kaam lykwols hommels te ferstjerren oan 'in niersykte' yn 1932.<ref>Ljouwerter Krante 12 juny 1976</ref>.
 
Yn 1937 promovearre er op in proefskrift oer útstoarne inketfisksoarten. Letter yn de trittiger jierren hinge Bohmers nei it [[Nasjonaalsosjalisme]] oer, omdat er oanhinger fan de Germaanske [[rasselear]] wurden wie, faaks troch in Dútske meistudint.<ref>Ljouwerter Krante 9 augustus 1975, s. 25</ref>.
===Ahnenerbe===
Rigel 17:
Yn [[1937]] krige Assien Bohmers de lieding oer it team dat de Ahnenerbopgraving yn de [[Mauerngrotten]], yn it Juraberchtme, die. Dêr waarden ûnder oaren ivoaren hangers, gravearnullen, in skelet fan in [[Mammoeten|mammoet]] en oerbliuwsels fan [[Neandertaler]]s en harren spearen fûn. Troch Ahnenerbe koe Assien Bohmers yn 1941 by de [[Ryksuniversiteit Grins]] as archeolooch oansteld wurde. Hy sette him doe nei wenjen yn [[Bûtenpost]] dêr't hy ynspirator en oanfierder fan houtfikersklup '[[De Ikelbeam]]' wie. Dat Bohmers nei Fryslân gie, hie faaks te krijen mei syn politike ambysje fan lieder fan it goa (''gouw'') Fryslân te wurden, in takomstich part fan it Grut Dútske Ryk.
 
Yn [[1942]] wie Bohmers belutsen by de wichtige opgravings yn it Tsjechyske [[Dolni Vestonice]] ([[Dútsk]]: ''[[Unterwistenitz]]'') (earder al troch Tsjechyske archeologen, mar dy't sûnt 1940 stillein hiene fanwege de Dútske anneksaasje fan Tsjechje).<ref>Martijn Eickhoff, ''Historie „ukradeného“ naleziště Assien Bohmers a vykopávky''</ref><ref>[http://www.archaeology.org/0603/abstracts/nazis.html ''Hitler's Willing Archaeologists'', diel 59 nûmer 2, maart/april 2006 troch Heather Pringle]</ref>. Under syn meiwurkers dêre wienen seis Friezen <ref>It wiene Johannes en Kees
Groenhof út Ikkerwâld, Pieter Mudstra, Romke Postma
út Readtsjerk en Andries van der Veen
Rigel 24:
Yn deselde snuorje krige Bohmers ek omtinken foar de archeology yn Noard-Nederlân. Novimber 1942 stjoerde er twa Fryske meiwurkers dy't troch Minnema oanlutsen wienen op paad yn eastlik Fryslân. Dêr wie Pieter Mudstra ek wer by, waans fynsten laten ta in wichtige stientiidopgraving ûnder [[Oerterp]] yn febrewaris 1943. Fanwege Bohmers waard der teffens ûndersyk dien nei Fryske kultueruteringen, sa as [[Uleboerd|ûlebuorden]] en hûsmerken.<ref>{{aut|[[Oebele Vries]]}}, ''Een amateur - archeoloog op zoek naar prehistorische cultuur: Johannes Minnema (1903-1984)'' Archeoforum nr. 4 2000.</ref>
 
Nei de Dútske besetting fan Nederlân wurke Bohmers as adviseur foar de [[SS]] .<ref> Michael Kater: ''Das «Ahnenerbe» der SS, 1935-1945: ein Beitrag zur Kulturpolitik des Dritten Reiches''. [[München]], 2006. s. 460. </ref>.
 
===Biologysk Archeologysk Ynstitút===
Rigel 34:
 
===Feroanklage===
Nei oanlieding fan in publikaasje yn maaie 1974 fan [[Gerrit Elzinga]] fan it Frysk Museum oer de ferfalsking fan de [[Wytsingskat|sulverskat fan Winsum]], waard Bohmers syn namme wer oer de streek brocht, omdat de organisaasje Ahnenerbe dêrfoar ferantwurdlik west hawwe soe en Bohmers hie dêr ommers lid fan west. Bohmers ûntkende alle belutsenens by de saak.<ref>''Ahnenerbe en ziverschat'', Ljouwerter Krante 9 augustus 1975</ref>.
 
Bohmers wie teffens belutsen by de saak-[[Tjerk Vermaning|Vermaning]]. <ref>Waterbolk en Stapert wiene oertsjûge fan it feit dat Bohmers de troch Vermaning ûntdutsen artefakten ferfalske en bedobbe hie. [http://inenomassen.nl/tjerk_vermaning.html ''Tjerk vermaning en de Steen des Aanstoots''; artikel fan Sietse van der Hoek; 2009]</ref>
Hy soe it brein efter de ferfalsingen west hawwe, mar folslein bewiis dêrfoar is der nea kaam. Yn de tiid fan de prosessen tsjin Vermaning emigrearre Bohmers nei [[Sweden]].
 
Assien Bohmers hat nea ûntkend dat er foar Ahnenerbe wurke, mar fan lidmaatskip fan de SS en nazi-wêzen woe er neat witte.<ref>Ynterview Ljouwerter Krante 12 juny 1976: ''Ik ben nooit nazi geweest of lid fan de SS. Ik was vanaf het begin tegen Hitler gekand. Ik ben voor een federalistich Europa, waarin alle bevolkingsgroepen hun eigen karakter kunnen behouden. De Nazi's en ook de Russen zijn voor een dictatoriaal centralisme. En daar hebben wij ons altijd tegen verzet''.</ref>.
 
== Literatuer ==