Krakatau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk; st
L fl
 
Rigel 9:
== Utbarsting fan 1883 ==
[[Ofbyld:Krakatau trije kear.png|right|thumb|Krakatau foar en nei de útbarsting]]
Op moandeimoarns [[27 augustus]] [[1883]] barste de Krakatau út, op dat stuit in aktive fulkaan mei trije kegels yn de [[Strjitte fan Sûnda]] tusken [[Java]] en [[Sumatra]]. De berch kaam omheech, skuorde iepen en stoarte yn, werneiwêrnei't de see yn it grutte gat streamde. In grutte jiskewolk fan sa'n 50 kilometer heech unstie, dy't de omkriten yn it tsjuster dompele.
 
De gefolchen fan de útbarsting sels hawwe dúdlik net sa slim west as yn 535, mar troch it ynstoarten fan de krater ûntstie in [[tsûnamy]] mei sokke katastrofale gefolchen dat de útbarsting dêrtroch de slimste fan de lêste iuwen west hat. De tsûnamy, fan tsientallen meters heech, spielde oer de kusten fan Java en Sumatra. Mear as 35.000 minsken kamen om en hiele stêdsjes en doarpen spielden fuort. De weagen goaiden skippen, wêrûnder Nederlânske stoomskip ''Berouw'', kilometers it binnenlân yn. De tsûnamy makke sels noch in slachtoffer op Seylon, it hjoeddeiske [[Sry Lanka]]. De dining waard oant yn [[It Kanaal]] tusken Ingelân en Frankryk registrearre.