Arabysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Escarbot (oerlis | bydragen)
L wikidata interwiki
L fl
Rigel 30:
Yn it deistich libben wurdt in grutte tal fan lokale dialekten praat; dy dialekten wurde net skreaun. In algemiene sprektaal is der net. As de minsken yn de Arabyske wrâld dan mei-inoar kommunisearje dogge se dat faak yn it dialekt fan [[Kairo]]. Yn Arabyske films en telefyzjeprogramma’s foar in ynternasjonaal publyk wurdt nammentlik oer it algemien dat dialekt brûkt. It wurdt yn it grutste diel fan de Arabyske wrâld ridlik ta hiel goed begrepen en hat in status dy’t mooglik te ferlykjen is mei dy fan it [[Amerikaansk Ingelsk]] yn de westerske wrâld.
 
De wichtichste ferskillen tusken de dialekten binne net geografysk mar sosjologysk. De Arabyske dialekten falle earst útinoar yn bedoeïnedialekten en sedentêre dialekten. De sendentêre dialekten kin men wer opdiele yn steds- en plattelânstaal, de bedoeïnedialekten kinst fierder ferdiele yn dialekten fan lyts-feenomaden en kameelnomaden. It dúdlikste kritearium om it dialekt te bepalen is de útspraak fan de letter ''qāf'' (q). Dat útspraakferskil giet werom nei de tiid foar de islamityske en de Arabyske ekspânsje. Pas nei't it Arabysk him oer grutte dielen fan Afrika en Aazje ferbraat hie ûntstienen de oare dialektferskillen. Dan noch moat men mei dizze typearingen útsjen: Yn ferskate stêden (lykas [[Bagdad]] en [[Tripoly]]) praat de befolking in bedoeïnedialekt (ômom't de ynwenners fan in bedoeïnestam ôfstamme), wylst foaral yn Egypte it stêdsk ek op it lân te hearren is.
 
== Skrift ==