Laon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Side makke mei "{{Stêd mei flagge| Ofbyld= 300px | Flagge= 80px | Wapen= File:Blason ville fr Laon (Aisne).svg|..."
 
LNo edit summary
Rigel 19:
Webside= [http://laon.fr/VILLE_LAON_21_WEB/FR/Accueil.awp laon.fr] |
}}
'''Laon''' is in gemeente yn it noarden fan [[Frankryk]]. De stêd is de prefektuer fan it Aisne-departemint en leit yn de regio Hauts-de-France. Laon leit op in lange, smelle heuvelrêch yn in fierder flakke omjouwingomkriten.
De fersterke stêd hat in grut tal monuminten en besit mei 370 hektare it grutste oanslettend oerflak dat ûnder it beskerme stedsgesicht falt.
Rigel 31:
 
[[File:Laon (02), porte d&#039;Ardon, vue depuis l&#039;est (extérieur de la ville) 3.jpg|thumb|left|250px|<center>''Poarte fan Ardon''</center>]]
De stêd wie fanôffan de 11e iuw ôf hielendal mei fersterkings omfieme, dy't oant hjoeddedeihjoed-de-dei yn in opmerklik goede steat bewarre bleaun binne.
 
Oan it begjin fan de 12e iuw sochten de [[Gemeente (Frankryk)|Frânske gemeentes]] mear ûnôfhinklikens. Yn dy tiid hie Laon likernôch 10.000 ynwenners. Ek de boargers fan Laon wisten tsjin it beteljen fan in grut bedrach mear macht nei harren ta te lûken. Dat hiene hja yn 1111 bûten biskop Gaudry om foar inoar krige, dy't foar in skoftke de stêd út wie. Gaudry wie in normandyske ealman dy't yn 1106 troch it kapittel as biskop keazen waard, mar al gau ûnderfûnen de boargers dat it in wrede, ynklauwerige biskop wie, dy't him fan kristlike prinsipes net in soad oanloek. De biskop waard poer doe't er yn 'e rekken krige wat der efter syn rêch om bedissele wie. Hy soe de troch [[Loadewyk VI fan Frankryk|Loadewyk VI]] ferliende privileezjes werom draaie en dêroerhinne boppedat de boargers ek hegere lêsten oplizze. Mar dat foel ôf want der briek reboelje út. In groep rebellen ûnder lieding fan Thiégaud wist mei geweld tagong te krijen ta it biskoplik paleis en fûnen Gaudry, dy't him útbenaudens omklaaid en yn in tonne yn de kelder ferstoppe hie. Hja namen him mei nei bûten, mishannelen him dêr en fermoarden him lang om let mei in bile. Oare rebellen plonderen hûzen, fermoarden leden fan de adel en stieken de katedraal en omlizzende bebouwing yn 'e brân. De rebellen flechten dêrnei de stêd út en holden harren skûl yn de boarch Coucy, mar Loadewyk VI ferovere Coucy yn 1113 en liet de flechte dieders ophingje, wylst de troch de oanhingers fan de fermoarde biskop oanfjurre boeren Laon fierder plonderen. Nei de opstân waard de macht fan de biskoppen beheind en krige it kapittel (mei 83 koarhearen it grutste fan Frankryk) it foar it sizzen. It konflikt waard oplost troch in gemeentlik hânfêst dat yn augustus 1128 troch kening Loadewyk VI ferliend waard en dat de stêd in part fan de autonomy werom joech.