Miedlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Miedlân''' is leechlizzend healân. As ôflieding fan it wurd, wurdt tocht oan ''mad'', de oerflakte dy't yn in heale dei te haaien is, lyksteld oan in heale [[hektare]].
 
 
{{stobbe}}
 
 
 
'''Miedlân''' of '''miede''' is leechlizzend healân. As ôflieding fan it wurd, wurdt tocht oan ''mad'', de oerflakte dy't yn in heale dei te haaien is, lyksteld oan in heale [[hektare]]. In miede wie minder gaadlik foar it weidzjen. Eartiids waarden der om sokke stikken lân hinne ek wol in wâl fan [[plaggen]] oanlein. Op de [[Waadeilannen]] tsjinne sa'n wâl ek wol as [[seewarring]].
 
== Miedegea ==
Tekenjend foar leech healân yn de Fryske lannen is de miedeferkaveling, ek wol blok-streekferkaveling neamd, dêr't de oanmakke streken lân oarspronklik ta ferskiljende eigeners út de tichteby lizzende doarpen hearden. Dêrby ûntstie ornaris in ljedderfoarmich patroan, dy't ferbûnen wie mei miedleanen of healeanen. Dat type gea ûntstie yn de [[Midsiuwen]] troch it ferpartsjen en ferkaveljen fanleech lizzend lân dat earder yn mienskiplik gebrûk wie. In soad gebieten mei in miedeferkaveling lizze yn it efterlân fan de hege ouwerwâlen by de kust fan de [[Waadsee]] del. Der ûntstie bytiden ek in uterdyks gebiet mei miedeferkaveling, lykas it [[streekdoarp]]]egea by [[Roodeschool]] en [[Eastein (It Hegelân)|Eastein]], dat út de [[sechtjinde iuw]] komt.
 
== Nammen ==
=== Plaknammen ===
Hast eltse lânboumienskip hie ien of mear mieden. Troch it ferbetterjen fan it ôfwetterjen en diken koene dêr ek doarpen of [[buorskip]]pen ûntstean, lykas:
 
* [[Miedum]] by Ljouwert
* Bûtenpostermieden
* Hamstermieden
* IJermieden
* [[Surhúster Mieden]]
* Twizeler Mieden
* Sweagermieden
* [[Fersoargingsplak De Mieden]]
 
De Miedleane by [[Koarnwert]] is in reed dat nei it lân yn de Polder Koarnwert rint
 
=== Famyljenamme ===
* Miedema
 
== Sjoch ek ==
* [[Deimt]]
 
{{Commonscat|Meadows}}
[[Kategory:Lânbou]]