Grinzer Strjitwei: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 3:
De '''Grinzer Strjitwei''', offisjele namme: '''Provinsjale wei 355''' of '''N355''', is in [[provinsjale wei]] yn [[Fryslân]] en [[Grinslân]] dy't [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] in direkte ferbining mei [[Grins (stêd)|Grins]] jout. Dizze wei bestiet al sûnt [[1821]]. De Grinzer Strjitwei hat lange tiid de belangrykste ferbining west tusken [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Grins (stêd)|Grins]], oant dy funksje oernaam waard troch de [[Wâldwei]] en de [[A7]].
 
De Grinzer Strjitwei begjint yn Ljouwert en rint troch [[Hurdegaryp]] nei it krúspunt mei de [[N356]], [[Quatrebras (buorskip)|Quatrebras]]. Fan hjir rint de dyk troch [[Noardburgum]], [[Twizel]] en [[Bûtenpost]] en giet oer de [[Lauwers]] [[Grinslân]] yn, dêr't er ''Fryske Strjitwei'' hjit. De N355 rint fierder nei it easten oer [[Gryptsjerk]] en [[Nijesyl]], en krúst tusken [[Noardhorn]] en [[Súdhorn]] oer it [[Van Starkenborghkanaal]]. Fan dêr rint de N355 nei Grins derdêr't er oanslút op de [[N46]].
 
== Sjoch ek ==