Omotola Jalade Ekeinde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 25:
Omotola har earste aktearwurk die se yn 'e film ''Venom of Justice'', fan [[regisseur]] [[Reginald Ebere]], út [[1995]]. Ebere, dy't har de haadrol taparte, wurdt beskôge as dejinge dy't Omotola har filmkarriêre lansearre hat. Withoefolle oare rollen folgen, hoewol't it dêrby de earste fyftjin jier hast útslutend om films gie dy't drekt op fideo útbrocht waarden en nea yn 'e [[bioskoop]] te sjen wiene. Yn 't earstoan betelle it ek net in protte, dat Omotola ûnderhold harsels wilens mei [[model (berop)|modellewurk]].
 
Omotola krige bekendheid yn Nigearia troch har rol yn ''Mortal Inheritance'', út [[1995]], dêr't se twa ''THEMA's'' (ôfkoarting fan ''The Movie Awards'') mei wûn, de wichtichste Nigeriaanske filmpriis. Oare súksesfolle Nigeriaanske films derdêr't se yn spile, wiene ''Games Women Play'', ''Blood Sisters'', ''All My Life'', ''Last Wedding'', ''My Story'' en ''The Woman in Me''. Neigeraden dat se yn mear films spile, waard Omotola ek om utens ferneamd, yn 'e rest fan ([[Ingelsk]]talich) [[Afrika]]; de Nigeriaanske filmyndustry, dy't [[Nollywood]] neamd wurdt (in gearlûking fan "Nigearia" en "Hollywood") is útgroeid ta de op twa nei grutste fan 'e wrâld, nei [[Hollywood]] en it [[Yndia]]aske [[Bollywood]]. Yn [[2005]] wûn Omotola in ''[[African Movie Academy Award]]'' (de Afrikaanske ekwifalint fan 'e ''[[Oscar]]'') yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise.
[[File:DJA with Star Actress Omotola Jalade Ekeinde.jpg|right|220px|thumb|Omotola Jalade Ekeinde mei [[DJ Abass]] ([[2011]]).]]