Nikolaj Ge: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; plaatsje oars
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:1890._Nikolaj_Alexandrowitsch_Jaroschenko_009.jpg|thumb|right|Nikolaj Ge. Portret troch [[Nikolaj Jarosjenko]].]]
[[Ofbyld:Ge Christ Head.jpg|thumb|250px|right|''Holle fan Jesus''. Foarstúdzje fan ''De krusiging''. 1893]]
 
'''Nikolaj Nikolajevitsj Ge''' ([[Russysk]]: ''Николай Николаевич Ге'') ([[Voronezj]], [[27 febrewaris]] [[1831]] - [[Ivanovski Choetor]] ([[Oblast Tsjernihiv|ûnder Tsjernigov]]), [[13 april]] [[1894]]) wie in [[Ruslân|Russysk]] [[keunstskilder]] fan [[Frankryk|Frânske]] komôf. Hy makke fral portretten en [[histoarjestik]]ken. Hy wie ien fan de oprjochters fan it keunstnerskollektyf [[De Swalkers]] yn [[1870]].
Rigel 9:
Dêrnei reizge er nei [[Itaalje]] (1860) om de klassike [[âldheid]] en de [[Renêssânse]] te bestudearjen. Yn 1863 waard Ge beneamd ta professer oan de Keizerlike Akademy fan de Keunsten. Yn 1864 giet er werom nei Florence dêr't er befreone rekke mei de pro-westerske tinker en skriuwer [[Aleksander Herzen]] en portrettearre him doe ek. It duorre oant 1869 ear't er foar altyd nei Ruslân werom gie. Ge syn betide wurk waard beynfloede troch [[Karl Brjoellov]].
 
Hy kocht in lytse buorkerij yn Noard-Oekraïne en waard goede freon fan de skriuwer [[Lev Tolstoj]], en in protte fan Tolstojs idealen wienen ek sines. (Ge skreau dat in minske agrarysk wurk dwaan moatte soe en dat keunst net te keap wêze moatte soe.) Ge wenne fan 1873 ôf op Tolstojs bûtenpleats [[Jasnaja Poljana]] ek yn noardlik [[Oekraïne]]. Yn dy tiid skildere Ge meast religieuze ûnderwerpen, derdêr't er in protte bewûndering foar krige.
 
Fan 1880 ôf makke er ek wer portretten (''elts hat rjocht op in portret fan himsels''), de prizen liet er ôfhingje fan wat de portrettearde misse koe.