Ammianus Marsellinus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
 
Rigel 12:
 
== Literêre betsjutting ==
Ammianus Marcellinus joech yn syn boeken mear as allinich in opneamen fan feitlikheden oer de politike foarfallen út de skiednis. Hy beredenearre de wêzentlike wearden fan regearen en ynstellings, joech in psychologyske ferklearring fan de haadpersoanen en wreide bytiden út oer de tastân yn de wrâld en oer de gewoantes fan de folken dy't er yn syn militêre libbensrin meimakke hie. Syn wurk liket dêrtroch in soad op it wurk dat wy kinne fan Tasitus en hat deselfde bittere berêsting oer it ferrin fan de skiednis. It is fral like ûnpartidich en tsjûget fan in romme opfetting. Dêrtroch is it wurk fan Ammianus in betroude boarne foar it tiidrek derdêr't hy oer skriuwt. It ienige minpunt fan syn wurk is de skriuwwize dy't er brûkte. Hy hat syn boeken skreaun op in wat tjustere en twongen wize. It sit fol mei Grykske formulearrings, wat derop wiist dat it Latyn net syn memmetaal wie.
 
== Keppeling om utens ==