Alde Ryn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Ik haw der wat oer de skeidnis bysetten.
Rigel 1:
De '''Alde Ryn''' is in [[rivier]] yn de provinsjes [[Utert]] en [[Sud-Hollân]]. De rivier is in oerblieuwsel fan de rin fan de alde [[Ryn]]. De Alde Ryn begjint by [[Wijk bij Duurstede]] as [[Kromme Ryn]] (sytak fan de [[Nederryn]]), wurdwurdt nei [[Utert]] ferfolgjeferfolge as de [[LeidseLeiense Ryn]] en rint fanôffan [[Harmelen]] ôf as de ''Alde Ryn'' nei [[Noardsee|see]].
 
== Romeinske tiid ==
{{stobbe}}
Yn de [[Romeinske tiid]] wie dizze rin de haadrin fan de rivier. It wie doe in brede rivier dy't tagong fan de Noardsee it lân yn joech. Dizze rin bylâns lei de [[Germaanske limes]] fan it [[Romeinske Ryk]]. In rige fan Romeinske forten lei hjir by de rivier lâns:
# Haevae Fanum - [[Dorestêd]]
# Fectio - [[Fechten]]
# Traiectum - [[Utert]]
# In fort mei ûnbekende namme by [[De Mearn]]
# Laurum - [[Woerden]] (Mooglik wie de namme ''Laurium'')
# In lytsfort by [[Boadegraven]]
# Nigrum Pullum - [[Swammerdaam]]
# Albaniana - [[Alfen oan den Ryn]]
# Matilone - [[Leien]] (Mooglik wie de namme ''Matilo'' of ''Macilo'')
# In lytsfort boppen [[Falkenboarch (Súdhollân)|Falkenboarch]]
# Praetorium Agrippinae - [[Falkenboarch (Súdhollân)|Falkenboarch]]
# Lugdunum Batavorum - [[Katwyk]]
By de rivier binne ek oerbliuwsels fan Romeinske skippen fûn.
 
== Midsieuwen ==
De Romeinen skreaunen al dat de ûnderrin fan de Ryn faak oer it lân útrûn. Nei harren tiid bleaunen dizze problemen. Fersâning fan de rin makke dy minder wichtich, oant sa om 900 de [[Lek]] de haadrin waard. Om't Utert en Leien hieltiid noch llêst fan it wetter hienen waard yn [[1122]] it probleem foar altiten oplost troch de [[Alde Ryn]] by [[Wyk by Duerstêd]] ôf te daamjen.
 
== Sjoch ek ==
* [[Alde Rien]]
 
[[kategory: rivier]]