1787: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 7:
* heal [[augustus]] - [[Hollân]] freget om stipe út de oare [[gewest]]en, omdat [[Freark Willem II fan Prusen|Freark Willem II]], de kening fan [[Prusen]] en de broer fan prinsesse [[Wilhelmina fan Pruisen (1751-1820)|Wilhelmina]], driget mei yntervinsje as Hollân net syn ûntskuldigings oanbiedt foar har behanneling. Yn [[Delft]] wurdt noch in patriottysk stedsbestjoer ynsteld. In tsiental patriottyske steateleden yn [[Fryslân]] wegeret him del te lizzen by de reäksjonêre besluten en lûkt him werom yn [[Frjentsjer]]. Yn ferskate stêden wurde definsive maatregels troffen. De spanning rint op.
* [[10 septimber]] - [[Prusen]] stelt in [[ultimatum]] yn dat oer trije dagen ôfrint.
* [[15 septimber]] - In [[Prusen|Prusysk]] [[leger (lânmacht)|leger]] tsjocht op tsjin 'e stêd [[Utert (stêd)|Utert]], ferdigene troch [[Freark III fan Salm-Kyrburg]]. De [[patriotten]] út Utert naaie út nei [[Amsterdam]]. Yn [[Fryslân]] hâlde de patriotten it noch in wike langer út. As de stimming ûnder de befolking omslein is, wurde ek [[Frjentsjer]] en [[Boalsert (stêd)|Boalsert]] opjûn.
* [[20 septimber]] - Prinsesse [[Wilhelmina fan Pruisen (1751-1820)|Wilhelmina]] giet werom nei [[De Haach]]. De steedhâlder [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] keart trije dagen letter werom.
* [[hjerst]] - Troch de yntervinsje fan [[Prusen]] is de driigjende boargeroarloch tusken de [[patriotten]] en de prinselju smoard. In soad patriotten wurde finzen nommen of pike út nei [[Frankryk]].