Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st; kepp
L st
Rigel 19:
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e iuw ferbaarne is.
 
Nettsjinsteande dat kin fêststeltfêststeld wurde dat it Fryske gebiet mei ynbegryp fan [[De Ommelannen]] fan de [[10e iuw]] ôf oant it begjin fan de [[16e iuw]] in folslein eigen ûntwikkeling trochmakke hat, dêr't de feodale struktuer sa as dy troch Karel de Grutte ûntwurpen wie likernôch folslein ûntbruts.
 
In oare ferklearring wurdt jûn troch [[Bernard Slicher van Bath|B.H. Slicher van Bath]]. Troch him wurdt der op wiisd dat yn Fryslân lykwols greven west hawwe, mar dat dy harren net ta lânhear ûntwikkelje koene omdat de twadde pylder fan it [[feodalisme]], de [[ûnderhearrigen]]s hjir net bestie. Oars as yn grutte dielen fan Jeropa it gefal, wie yn midsiuwsk Fryslân altiten in jildekonomy bestean bleaun. De Fryske boeren beöefene fral it fokjen fan fee en kombinearren dat de iuwen troch mei hannel. Ferplichtings dy't yn oare gewesten betelle waard yn natuera, koenen troch de Friezen mei jild ôfkocht wurde. De greve koe syn taak as rjochter noch wol lange tiid útoefenje, mar it ûntbrekken fan in lokale machtsbasis hat lang om let syn ein yn Fryslân betsjutte.