Gerulf de Aldere: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L st
Rigel 8:
Om [[830]] hinne rekke it Frankyske ryk yn grutte ynterne problemen troch de opposysje fan wichtige Frankyske eallju en de soannen fan de keizer tsjin de keizer sels. Ien fan dizze soannen [[Lotarius]] ferbûn him mei [[Denemarken|Deenske]] ''warlords''. Hy sette de Denen oan om de Fryske kust oan te fallen om op dy wize druk útoefenje te kinnen tsjin syn heit, keizer Loadewyk. De kustferdigening dy't troch de keizer organiseare waard wie net bot súksesfol. Foar in part wie dat in gefolch fan it feit dat de [[Friezen]] min te motivearjen wienen om har te mingen yn it politike gehottefyl fan de Frankyske besetters. De keizer stjoerde strange amtners en greven nei it gebiet fan de Friezen om har wer yn de stringen te krijen.
 
Greve Gerulf waard fan neilittichheid beskuldige. Hy soe fersomme hawwe syn macht en foech te brûken. De Friezen brûkten leaver har skippen foar de hannel as om plonderers efternei te sitten. Mooglik waard er ek beskuldige dat er de side fan Lotarius keazen hie. Hy waard út it amt setten en ferlear al syn goederen yn Westergoa. Lykwols kaam it letter tusken de keizer en Gerulf wer ta in fersoening. Neffens in oarkonde fan de keizer, dy't op july 839 yn [[Kreuznach]] opsteltopsteld waard, is fêstlein dat Gerulf al syn goederen weromkrige. Frij gau nei dizze earherstel is Gerulf ferstoarn.
 
== Famylje ==