Fjildslach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[File:Slag bij Boksum.JPG|thumb|right|250px|In [[ets]] fan 'e [[Slach by Boksum]].]]
In '''fjildslach''' is in geregeld [[militêr]] treffen (dat wol sizze: in grutskalich gefjocht) op [[grûn|lân]] tusken twa fijannige [[leger (lânmacht)|leger]]s. In [[oarloch]] bestiet ornaris út mear as ien fjildslach. In lytsskaliger militêr treffen wurdt in '''skermutseling''' neamd, in grutskalich militêr treffen op [[see]] hjit in [[seeslach]], en in grutskalich militêr treffen yn 'e [[loft]] neamt men wol in [[loftslach]].
 
It [[foarheaksel]] 'fjild-' yn 'e term 'fjildslach' jout oan dat it om in [[slach]] op lân giet, en analooch dêroan sprekt men ek fan it 'slachfjild' as men it oer it fysike terrein hat dêr't de fjildslach plakfynt. Lykwols hoecht it dêrby net om in [[fjild]] te gean. Dy oantsjutting is der histoarysk yn slûpt om't slaggen op lân faak op iepen flaktes útfochten wurde, mar 'fjildslaggen' kinne likegoed plakfine yn in [[bosk]], yn 'e [[berch|bergen]] of [[heuvel]]s, op it [[strân]] of by in [[rivier]] of [[mar]].