Gouden medalje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 2:
In '''gouden(e) medalje''' is de heechste [[medalje]] dy't útrikt wurdt foar in prestaasje op net-[[militêr]] mêd. Sokke [[ûnderskieding]]s binne benammen ferbûn mei de [[sport]]. De namme komt fuort út it feit dat der alteast in fraksje [[goud]] (meast yn 'e foarm fan [[blêdgoud]]) oan dizze medaljes tafoege is, en om't sa'n medalje de [[kleur]] fan goud hat. It komt mar selden foar dat 'goudene medaljes' wier fan poer goud binne; de measten binne ynstee ferguld, sa't dat bygelyks it gefal is mei de goudene medaljes dy't útrikt wurde op 'e [[Olympyske Spullen]] en mei de medaljes dy't by de [[Nobelpriis|Nobelprizen]] hearre.
 
It idee om foar de heechste prestaasje in goudene medalje út te rikken ûntstie yn it [[leger (lânmacht)|leger]], dêr 't al yn 'e [[Midsiuwen]] de heechste [[ofsier]]en [[militêre rang|rang]]ûnderskiedingstekens fan goud hiene. Ek it útrikken fan goudene ûnderskiedings as symboal foar de talitting ta [[ridderoarder]]s ûntstie yn datselde tiidrek. Sûnt de [[achttjinde iuw]] wurde der ek goudene medaljes útrikt foar prestaasjes op it mêd fan 'e [[skiene keunsten]], bygelyks troch de [[Keninklike Deenske Akademy]].
 
Pas oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw]] waard dit gebrûk oernommen troch de [[sport]]wrâld. Dêrby moat oantekene wurde dat der foar de earste plakken op 'e [[Olympyske Simmerspullen 1896|Olympyske Spullen]] fan [[1896]], yn [[Atene]], [[sulverne medalje]]s útrikt waarden. De goud-sulver-brûns-hierargy foar earste, twadde en trêde plakken waard pas ynfierd op 'e [[Olympyske Simmerspullen 1904|Olympyske Spullen]] fan [[1904]], yn [[St. Louis]]. Neitiid waard dat systeem oernommen troch alle oare [[sport]]eveneminten