Grinzer Feankoloanjes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Locatie Veenkoloniën.png|250px|thumb|De Grinslânske Feankoloanjes]]
[[Ofbyld:Hoogveenontginning door Jacobus Sibrandi Mancadan.jpg|thumb|250px|It oanmeitsjen fan it heechfean yn de omkriten fan Wildervank om 1650 hinne, skildere troch [[Jacobus Sibrandi Mancadan]]]]
De '''Grinzer Feankoloanjes''', of yn 't koart: de ''Feankoloanjes'', is de namme fan in gebiet yn it súdeasten fan de provinsje [[Grinslân]]. It omfiemet it grûngebiet fan de eardere gemeente [[Hegesân-Sappemar]] (no part fan de gemeente [[Midden-Grinslân]]), de gemeenten [[Feandam]], [[Pekela]] en [[Stedskanaal (gemeente)|Stedskanaal]], in part fan de eardere gemeente [[Menterwâlde]], dat no ek part fan Midden-Grinslân is, en [[FlachtweddeVlagtwedde (gemeente)|Vlagtwedde]], dat no part fan de gemeente [[Westerwâlde (gemeente)|Westerwâlde]] is. It foarheaksel "Grinzer" ferwiist nei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] en net nei de provinsje. De stêd hie it sizzenskip oer de [[feanterij]]. It wiene winliken koloanjes fan de stêd. Yn in tal plakken, sa as bygelyks Stedskanaal, is dat noch hieltyd werom te sjen yn it gemeentewapen en de gemeenteflagge.
Oant yn de [[santjinde iuw]] wie der suver gjin bewenning yn it gebiet, dochs allinne in bytsje by de rânen del dêr't wat [[turf]] ôfgroeven waard. Dêrnei is suver alle turf ôfgroeven en is der alhiel in nij gea ûntstien, dêr't de [[Lintdoarp|lintbebeouwinglintbebouwing]], by njonkelytsen al wer tichtsmiten [[Kanaal (wetterwei)|kanalen]] del, oerhearsket.
 
== Fean ==
Rigel 18:
It gewest Stêd en Lân, dat nei de Reduksje fan Grins foarme waard, wie in twongen houlik tusken de stêd Grins en de [[Ommelannen]]. It súkses fan de stêd mei it iepenlizzen fan it fean, noasken de Ommelanner jonkers net. Guon fan harren besleaten de konkurrinsje mei de stêd oan te gean en set eigen inisjativen op yn it feangebiet.
 
== BarefjildBareveld en Stedskanaal==
[[Ofbyld:Stadskanaal vanaf de watertoren.jpg|250px|thumb|Stedskanaal hjoed-de-dei]]
It Boertanger Fean rint oer de grins mei [[Drinte]]. It Drintske diel wie yn besit fan de ferskate doarpsmienskippen op de Hûnsrich. Dy hiene harren oant de santjinde iuw beheind ta lytsskalich oanmeitsjen fan de râne fan it feangebiet, dêr't turf ôffierd waard oer de Hunze. De Hunze wie lykwols net gaadlik foar grutte frachten fan de Drintske feangrûn en dêrom wie in nije ferbining nedich.<br/>
Dat noaske de stêd net, om't it wolris de priis drukke koe. As der yn Drinte turf wûn wurde soe, woe de stêd wis wêze dat de turf oer Grins ferfierd waard. De measte kanalen yn it feangebiet wiene yn besit fan de stêd, mei útsûndering fan it [[Boppedjip]] by [[Feandam]], dat oant [[BarefjildBareveld]] ta rûn. De stêd wist it Hûs BarefjildBareveld te bemachtigjen en koe sa it ôffieren fan de turf fan de Drintske fean oer it Boppedjip te foaren komme.<br/>
Dochs it blokkearjen fan it Boppedjip soarge lykwols ek foar problemen foar de stêd. Der wie noch hieltyd in grutte lape grûn yn it súdeasten dat noch oanmakke wurde moast. Om dy te ûntsluten sette de stêd út ein mei it oanlizzen fan it [[Stedskanaal]]. De stêdlike reginten woene dat nije kanaal op it [[Kielsterdjip]] oanslute litte, mar dan moast der by Barefjild in ferbining makke wurde. Dy ferbining soe dan oan it Boppedjip oanslute. Einlings waard it oer Drinte ferbûn, dêr't Lambertus Grevijlink dwaande wie de [[Annerveenschekanaal|Anner Feanen]] oan te meitsjen. Mei him waard oerienkaam mei in ferbining troch de Anner Feanen, dat oansletten wurde soe op it Kielsterdjip. It kanaal einige by it eardere kleaster fan [[Ter Apel]], dat mei it omlizzende feangebiet sûnt de Reduksje eigendom fan de stêd Grins wie.
Dy snuorje luts in soad arbeiders út [[Fryslân]], [[Grinslân]], de [[Kop fan Oerisel]] en [[Dútslân]] oan.
Rigel 27:
== Stedsmeierrjochten ==
Ynearsten gie it neffens de stêd benammen om it winnen fan de turf. Dochs wist de stêd dat nei it winnen fan de turf de gebieten harren wearde hâlde soene. Al yn de earste kontrakten hie de stêd de betingst dat in feanter, nei't er it turf wûn hie, dat de oerbleaune grûn yn kultuer brocht wurde moast. Dat wie it saneamde [[dellinggrûn]]. De stêd regele it sa dat earme grûn ynearsten rjocht hie op de [[dong]], dy't de stêd sels produsearre.<br/>
De grûn dy't de stêd sels yn besit hie, waard ferhierd. Dêr ferwiisde de stêd nei in âld Frysk rjochtsfiguer, de ''[[beklemmingBeklamrjocht|beklamming]]'', it saneamde ''[[stedsmeierrjocht]]''.
De stêd bleau eigener fan de grûn, mar de meier (hierder) hie sa'n sterke posysje dat er genôch kâns hie en bou in goed boerespultsje op.