Swarte Tsjettel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Rigel 33:
[[File:Camp Weld Conference.jpg|left|thumb|250px|In foto fan Swarte Tsjettel en party fan syn krigers krekt bûten [[Denver]], yn [[1864]].]]
 
Mar de ambisjeuze Chivington late de 700 man fan syn 3de KavaleryregimintKavaleryrezjimint fan Kolorado nei Fort Lyon ta, dat er neffens eachtsjûge John S. Smith by ferrassing ynnaam, mei't er eltse tynge fan syn oansteande oankomst dêre tsjinholden hie. Hy liet it fort besingelje, sadat nimmen derút koe, en pleatste de [[Buro fan Yndiaanske Saken|Yndiaansk agint]] dy't de ôfspraken mei Swarte Tsjettel makke hie, ûnder arrest. Doe sette er mei it grutste part fan syn troepen ôf nei it Sand Creek Reservaat, dêr't Swarte Tsjettel en syn Súdlike Sjajinnen, mei in lyts groepke Súdlike Arapaho fan [[Lofterhân (Arapaho-opperhaad)|Lofterhân]], oan it streamke de [[Big Sandy Creek (Kolorado)|Big Sandy Creek]] harren winterkamp opslein hiene. Op dat stuit wiene de measte krigers ôfwêzich, om't se op jacht gien wiene. It opperhaad hie by syn [[tipy]] neffens ôfspraak in Amerikaanske flagge hyst. Likegoed joech Chivington moarnsier op [[29 novimber]] [[1864]] daliks befel om oan te fallen. De soldaten slachten 163 Sjajinnen ôf, meast froulju en bern, en namen "sûvenirs" troch lichemsdielen fan harren deade slachtoffers ôf te snijen dy't se fouwer moanne letter yn [[Denver]] tentoanstelden. Dit barren, dat de skiednis yngien is as it [[Bloedbad fan Sand Creek]], wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e slimste [[oarlochsmisdie]]den fan 'e Amerikanen yn harren striid tsjin 'e Yndianen, tegearre mei it lettere [[Bloedbad fan Wounded Knee]]. Sels doedestiden wie der yn it easten fan 'e Feriene Steaten al in soad krityk op.
 
Swarte Tsjettel wist oan 'e slachting te ûntkommen, en kearde letter werom om syn frou, dy't swier ferwûne rekke wie, te rêden. Nettsjinsteande it ferrie en de swiere ferliezen woed er lykwols fierder op it paad fan 'e frede. De mearderheid fan 'e foaroanlju fan 'e Súdlike Sjajinnen wie it net mei him iens. Hja sleaten in ferbûn mei de [[Komansjen]] en de [[Kajowa (folk)|Kajowa]] en fierden oarloch tsjin it Amerikaanske leger en de blanke kolonisten. Swarte Tsjettel late syn folgelingen lykwols fierder nei it suden, en hold oan mei it fieren fan ûnderhannelings mei de Amerikanen. Yn oktober [[1865]] sleat er mei harren it [[Ferdrach fan de Lytse Arkansas]], wêrby't Washington him "ivige frede" en in oar wengebiet ûnthiet by wize fan ''wiedergutmachung'' nei wat der by Sand Creek bard wie. It direkte effekt dêrfan wie lykwols dat de Súdlike Sjajinnen har reservaat wer kwytrekken en dat se twongen waarden om te ferfarren nei it [[Yndiaansk Territoarium|Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]). Fan gefolgen begûn Swarte Tsjettel syn ynfloed ûnder syn folk te belúnjen.
Rigel 41:
Likegoed joegen Swarte Tsjettel en syn folgelingen oan dat se noch altyd yn frede mei de blanken libje woene, en dêrta tekene it âlde opperhaad yn oktober [[1867]] alwer in nije oerienkomst mei de Amerikanen, it [[Ferdrach fan Medicine Lodge]]. Underwilens setten de jonge krigers fan 'e Súdlike Sjajinnen harren oanfallen op Amerikaanske doelen yn [[Kolorado]], [[Kansas]] en [[Teksas]] fuort, dêrby oanfierd troch sokken as [[Kromme Noas]] en [[Lange Bolle]]. Ynhoefier't de beide groepen inoar oerlapen, is in âld skiedkundich striidpunt. Neffens [[Lytse Rots]] (''Little Rock''), dy't de ûnderbefelhawwer fan Swarte Tsjettel wie, kearden in soad fan 'e krigers dy't de oanfallen útfierden neitiid werom nei it kamp fan Swarte Tsjettel, soms mei blanke finzenen, benammentlik froulju en bern, by harren. Mar Yndiaanske opperhaden hiene gjin wetlik gesach oer harren folk en moasten it inkeld fan harren persoanlike ynfloed hawwe, en tsjin dy tiid wie de ynfloed fan Swarte Tsjettel sa lyts wurden dat it ûnwierskynlik is dat er de dieden fan 'e jonge krigers yn syn kamp tsjinkeare kinnen hie as er dat besocht hie.
 
As reäksje op 'e oanhâldende oerfallen en moardpartijen ûntwurp de Amerikaanske generaal [[Philip Sheridan]], dy't namme makke hie yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]], in plan foar in strafekspedysje tsjin 'e Súdlike Sjajinnen. Syn idee wie om harren yn har winterkampen oan te fallen, al har foarrieden te ferneatigjen en har fee en hynders en eltsenien dy't him fersette te deadzjen. Neitiid soe de winter dan wol mei de oerlibbenen ôfweve. De fjildtocht waard útfierd troch in oare held út 'e Boargeroarloch, generaal [[George Armstrong Custer]]. Op [[27 novimber]] [[1868]] foel dy mei syn 7de KavaleryregimintKavaleryrezjimint it doarp fan Swarte Tsjettel oan, dy't oan 'e rivier de [[Washita (rivier)|Washita]], yn [[Oklahoma]], syn kamp makke hie. Custer syn troepen deaden by dat [[Bloedbad fan de Washita]] mear as hûndert Yndianen, de measten Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel en de frou kamen om doe't se yn 'e rêch sketten waarden by it oerstekken fan 'e rivier, yn in besykjen om út te naaien.
 
Swarte Tsjettel wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as in grut fredesstifter en lieder, en hy is it meast ferneamde opperhaad fan 'e Súdlike Sjajinnen. Party [[histoarikus|histoarisy]] hawwe krityk op him utere om't er de oanfallen fan syn krigers op 'e blanken net tsjinhold, mar it is gehiel ûnwis oft er dêr it fermogen wol ta hie. Deunby it plak dêr't er fermoarde waard, by [[Cheyenne (Oklahoma)|Cheyenne]], yn Oklahoma, stiet no it Swarte Tsjettel Museum, dat oan syn oantins wijd is.