Middelsee: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[Ofbyld:Middelsee.png|right|thumb|300px|De Middelsee]]
De '''Middelsee ''', ek wol ''Bordine'' neamd, wie yn de [[Midsiuwen]] in seeëarm dy't de ôfskieding foarme tusken [[Westergoa]] en [[Eastergoa]]. De Middelsee kaam hast sa súdlik as [[Snits (stêd)|Snits]], dat begûn is op de [[himdyk]] fan de Middelsee. De seeëarm bestie út twa stikken. De wide mûning fan de [[Boarn]], dêr't it tij it frij hie, rûn op de hichte fan [[Raerd]] noardwerts oant foarby [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
Nei it westen bestie der fan Raerd ôf in ferbining mei it [[Fly]], foarby Snits en [[Boalsert]] fia de Marne. Doe't de Marne ôfdamme waard begûn de westlike kom ticht te slibjen wêrnei't dy by parten ynpoldere waard. [[Nijlân (doarp)|Nijlân]] wurdt al yn 1230 as doarp neamd. Koart foar [[1199]] hie [[Skearnegoutum]] noch bot te lijen fan de see. By dy ramp moat gâns in delsetting weispield wêzen, dêr't de spoaren fan yn de Snitser Stedsfinne weromfûn waarden doe't dy bouryp makke waarden.