Marike fan Nijmegen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 26:
| ISBN oers. = 978-9 08 95 40 829
}}
'''''Marike fan Nijmegen''''', yn it oarspronklike [[Midnederlânsk]] '''''Mariken van Nieumeghen''''' (folút: ''Die waerachtige ende seer wonderlycke historie van Mariken van Nieumeghen die meer dan seven jaren met den Duvel woonde ende verkeerde''), is in [[merakelspul]] út it begjin fan 'e sechstjinde iuw wêrfan't de [[skriuwer]] ûnbekend is. It ferskynde foar it earst om [[1518]] hinne by de [[Antwerpen (stêd)|Antwerpske]] [[útjouwer]] [[Willem Vorsterman]] en hat as ([[religy|religieus]]) boadskip dat hoe slim oft men ek sûndiget, men kin troch tuskenkomst fan 'e [[Faam Marije]] altiten ferjeffenis krije, salang't men jins sûnden mar opbychtet. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard útjûn yn [[2009]].
 
==Eftergrûn==
Rigel 35:
[[File:Nijmegen - Standbeeld van Mariken van Nieumeghen van Vera van Hasselt op de Grote Markt.jpg|thumb|left|200px|It stânbyld fan Marike fan Nijmegen, makke troch Vera van Hasselt, op 'e Grutte Merk te [[Nimwegen]].]]
 
Oant yn it djipst fan har siel ferwûne, giet Marike wer op hûs oan. Alhiel wanhopich bidt se om help en op dat stuit kin it har neat skele wêr't dy help weikomt. De duvel heart dat en ferskynt har yn it stal fan in Moenen, dy't har ûnthjit om har alle talen en sân frije keunsten te learen, mar net swarte magy. As betingsten stelt Moenen dat Marike har namme feroarje moat (hy hat yn it ferline spul hân mei in Marije) en dat se gjin krús mear slaan mei. Marike stimt ta en tegearre reizgje se oer [[Den Bos]] nei [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] ta. Dêr libje Moenen en Marike in sûndich bestean.
 
Earst nei sân jier komt Marike wer ris yn Nimwegen, dêr't se op 'e merk in [[weinspul]] (in soarte fan [[Midsiuwen|Midsiuwsk]] [[toanielstik]]) sjocht dat har slim oangrypt. Hja kriget berou en docht in berop op [[God]] Syn barmhertigens. As reäksje dêrop tilt de lulke Moenen har oant heech yn 'e loft op en lit har dan falle. Lykwols, Marike oerlibbet de fal, om't har omke Gysbert tusken de taskôgers stiet en foar har bidt. De âld preester wit de duvel te ferdriuwen mei it útstprekken fan in [[Bibel]]passaazje.
 
Marike siket ferjeffenis foar har sûnden en giet dêrom tegearre mei har omke nei in hege geastlike yn Nimwegen. Dy doar lykwols yn sa'n gefoelige saak as dizze gjin útspraak te dwaan en stjoert har troch nei de aartsbiskop yn [[Keulen]]. Uteinlik moat Marike sels alhielendal nei de [[paus]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] ta, wylst Moenen har en har omke ûnderweis om 'e nocht besiket dea te dwaan. De paus jout har as straf trije izerne ringen om har hals en earms te dragen, dy't har pas fan 'e lea falle sille as har sûnden har ferjûn binne. Marike lûkt har dêrop werom yn in kleaster te [[Maastricht]], dêr't nei jierren fan boetedwaning de [[aartsingel]] [[Gabriël (ingel)|Gabriël]] har ferlost fan har ringen. Marike libbet dêrnei noch twa jier en stjert freedsum om [[1500]] hinne. Nei har dea wurde de trije ringen boppe har grêf hongen.
 
==Fryske oersetting==
De Fryske oersetting fan ''Mariken van Nieumeghen'' ferskynde yn 2009 ûnder de titel ''Marike fan Nijmegen'' by [[Utjouwerij Elikser]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], yn gearwurking mei de [[Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân]], en mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]]. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't tegearre mei [[Eric Hoekstra]] ek ferantwurdlik is foar de ynformative ynlieding. ''Marike fan Nijmegen'' waard yn ien bân útjûn mei de oersetting fan in oare Midnederlânske tekst, ''[[Elckerlijc]]'' (''[[Elkenien]]'').
 
{{boarnen|boarnefernijing=