Swarte Tsjettel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
st
 
Rigel 25:
It tinken is dat Swarte Tsjettel likernôch yn [[1803]] berne wêze moat, mar der is net folle bekend oer syn libben foàr [[1854]]. Yn dat jier waard er keazen ta ien fan 'e leden fan 'e [[Rie fan Fjouwerenfjirtich]], in gearkomste fan stamâldsten dy't de Sjajinske naasje bestjoerde. Yn [[1851]] wiene de Sjajinnen ien fan 'e Yndiaanske folken dy't it earste [[Ferdrach fan Fort Laramie (1851)|Ferdrach fan Fort Laramie]] mei de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] sleaten. Dêrby waarden ûnbidige stikken fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] troch [[Washington, D.C.|Washington]] erkend as Yndiaansk lân. Mar dwers tsjin 'e ôfspraken yn wegere it Amerikaanske regear neitiid om 'e blanke [[kolonisaasje]] fan dat Yndiaanske lân in halt ta te roppen. Dat waard noch helte minder doe't der yn [[1859]] [[goud]] fûn waard, en de [[Goudkoarts fan Pike's Peak]] begûn. Goudsikers en oare blanke kolonisten ferkrongen de Súdlike Sjajinnen doe út harren foarâlderlike wengebiet, wylst se soargeleas weardefolle helpboarnen fan wetter en jachtwyld opbrûkten.
 
Swarte Tsjettel wie pragmatyk genôch om yn te sjen dat de Amerikaanske militêre macht te grut en de kolonisaasje ûntsjinkearber wie. Yn [[1861]] joegen syn Súdlike Sjajinnen en harren bûnsgenoaten, de [[Súdlike Arapaho (folk)|Súdlike Arapaho]], harren oan 'e Amerikanen oer by [[Fort Lyon]], ûnder de betingsten fan it [[Ferdrach fan Fort Wise]]. Swarte Tsjettel miende dat er sa foar syn folk de beskerming fan 'e Amerikaanske oerheid tsjin 'e kolonisten krije koe, mar it ferdrach wie tige ûngeunstich foar de Súdlike Sjajinnen. Swarte Tsjettel-en-dy moasten har nei wenjen sette yn it [[Sand Creek Yndianereservaat]], in lyts hoekje lân yn súdeastlik [[Kolorado]], dêr't de grûn ûnbebouber wie en de tradysjoneletradisjonele jacht op 'e [[Amerikaanske bizon|bizons]] ûnmooglik, mei't dy bisten dêr net foarkamen.
 
In protte Sjajinnen wegeren dit ferdrach te akseptearjen, mei't se harsels yn it [[Yndianereservaat|reservaat]] ûnmooglik yn libben hâlde kinne soene. Blanke delsettings en boerespultsjes waarden it doelwyt fan oerfallen troch poerlulke Sjajinske krigers. Oft Swarte Tsjettel dizze oarlochshannelings oanfitere, dulde of besocht tsjin te gean, dat is noch altyd in striidpunt ûnder [[histoarikus|histoarisy]].