Pinksterbea: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 29:
 
==Eftergrûn==
''Veni, Creator Spiritus'' is noch altiten rûnom yn gebrûk yn fral de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], dêr't it tradysjoneeltradisjoneel songen wurdt as in [[gregoriaansk gesang]]. Mei't yn 'e hymne de Hillige Geast oanroppen wurdt om 'e sjongers te ferfoljen, wurdt it songen ûnder de [[liturgy]]ske fiering fan it pinksterfeest, sawol ûnder de [[terts]]- as de [[fespers]]tsjinst. Teffens wurdt it songen by beskate formele gelegenheden, lykas it yngean troch nije [[kardinaal|kardinalen]] fan 'e [[Sikstynske Kapel]], as der in nije [[paus]] keazen wurdt en soms ek by de wijinge fan preesters en [[biskop]]pen, de ynwijing fan tsjerkegebouwen en de iepening fan [[synoade]]n en oare tsjerklike gearkomsten. Ek yn 'e [[Anglikaanske Tsjerke]] wurdt ''Veni, Creator Spiritus'' by plechtichheden noch gauris songen.
 
[[Marten Luther]] brûkte dizze hymne as basis foar syn [[koraalmuzyk]] foar pinkster ''Komm, Gott Schöpfer, Heiliger Geist'', dat er yn [[1524]] komponearre. Yn letter tiden hawwe ek oare [[komponist]]en der muzyk foar skreaun of it as útgongspunt foar bewurkings brûkt, wêrûnder [[Gustav Mahler]], [[Cristóbal Halffter]], [[Hector Berlioz]] en [[Krzysztof Penderecki]].