Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Wie al earder mei uteinsetten, mar moast hieltyd noch dien makke wurde.
Rigel 1:
{{Wurk}}
[[Ofbyld:00058 christ pantocrator mosaic hagia sophia 656x800.jpg|thumb|Jezus Kristus ôfbylding yn de [[Hagia Sofia (Istanbûl)|Hagia Sophia]].]]
'''Jezus fan Nazaret''', yn it algemien bekend as '''Jezus Kristus''' wie de sintrale persoan yn it [[Kristendom]], dêr't "Kristus" ôflaat is. Hy wie ek in wichtich persoan yn ferskate oare leauwen. "Kristus" komt fan it [[Gryksk]]e ''Χριστός'' (''Christós''), dat "salvling" betsjut, en besibbe is oan it fan it [[Hebriuwsk]] ôflate ''[[Messias]]''. De namme "Jezus" komt fan it Grykske '' Ίησους'' (''Iesoûs''), dat in [[Hellenisme|hellenisearring]] fan it Hebriuwsk-[[Arameesk]]e ''ישוע'' (''Jesjûa'' of ''Jesjû'') is, en dat "[[JHWH]]" betsjut.

Line 6 ⟶ 7:
Yn de [[Islaam]] wurdt Jezus ('''Isa''') as ien fan God syn leafste en wichtichste [[Profeet|profeten]] beskôge, allyk as in bringer fan hillige skriften, in wûnderwurker en de Messias. Moslims leauwe lykwols net sa lykas kristenen yn it [[Krusiging|krusigjen]] en de godlikens fan Jezus, mar leauwe dat it krusigjen in godlike drôch wie en dat er mei lea opnaam waard yn de himel. De measte moslims leauwe wol dat er weromkomme sil nei de ierde.

== Jezus yn it Kristlike leauwe ==
Neffens it kristlike leauwen is Jezus de iennige Soan fan God. Hy wie de [[Messias]] dy't troch God yn it [[Alde Testamint]] ([[Tenach]]) fia de [[Profeet|profeten]] tasein waard ([[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]] 53:3 en fierder), de Salvling fan God, de [[Ferlosser]] fan de minsken fan harren sûnden en dy't de ienklang tusken God en de minsken, dy't ferbrutsen wie as gefolch fan de [[sûndefal]] fan de earste minsken yn it [[Paradys]], wer ophelpt. Neffems de Bibel waard Jezus berne en rêd de minsken fan harren sûnden. Neffens de [[evangeelje]]s makke syn dea de fermoedsoening mei God de Heit mooglik, om't hy de straf foar de sûnden fan de minsken op him naam. Jezus is it ''Laam fan God dy't de sûnden fan de wrâld fuort hellet''. It rjochtfeardigjen yn it leauwen krige dêrtroch in nije betsjuttenis: in elts dy't Jezus folget, sil foar God rjochtfeardige wêze.

Sintraal yn it kristlike leauwen binne de yn it Nije Testamint beskreaune [[Berte fan Jezus]] ([[Kryst]]), syn dea oan it krús ([[Goedfreed]]), de [[Opstanning fan Jezus|Opstanning]] út de dea ([[Peaske]]), de [[Himelfeart fan Jezus|Himelfeart]] ([[Himelfeartsdei]]), it delkommen fan de [[Hillige Geast]] op syn [[dissipel]]s ([[Pinkster]]) en it [[Weromkommen fan Jezus|Weromkommen]].

De Opstanning út de dea wurdt troch de measte kristenen letterlik naam, om't dat barren yn it [[Kristendom]] in krúsjaal plak ynnimt. It is foar harren de oerwinning op de dea en in libben yn ivichheid. It gânse kristlike leauwen hinget gear mei de Opstanning.

== Libbensrin fan Jezus neffens de Bibel ==
[[Ofbyld:Mathis Gothart Grünewald 030.jpg|300px|left|thumb|It ''Alter fan Isenheim'' mei bylden út it ibben fan Jezus troch [[Matthias Grünewald]] (1512-1516)]]
Foar it libbensferhaal fan Jezus brûke kristenen de boeken, dy't part fan de [[Nije Testamint]] fan de Bibel wurden wiene, en dan benammen de fjouwer evangeeljes fan Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes. Elts evangeelje hat syn eigen karakter. It evangeelje fan Jehannes wykt it measte fan de oaren ôf. Hoewol't in tal ferhalen hast letterlik op inoar lykje, benammen by dy fan Mattéus en Markus, komme oare foarfallen mar yn ien of twa fan de evangeeljes foar.

De fjouwer evangeeljes befetsje meiïnoar sa'n 4% oer de berte fan Jezus, sa'n 62% oer it wurk fan Jezus en sa'n 32% oer it [[Krusiging|krusigjen]] en [[Opstanning|opstean]]. Dêrnjonken binne der noch in tal stikken dy't net oer it libben fan Jezus geane, lykas de beskriuwing fan de foarteam fan Jezus en it wurk fan [[Jehannes de Doper]] (it [[prolooch]] fan de evangeelje fan Jehannes).

=== Stambeam ===
Fan de fjouwer evangeeljes jouwe allinne Mattéus en Lukas in beskriuwing fan Jezus syn stambeam. Lykwols sit der in grut ferskil yn de werjeften fan dy twa evangeeljes. Ferskate kearen waard besocht om dy ferskillen út te lizzen. Beide werjeften beskriuwe dat Jezus in neikomling fan [[David fan Israel|kening David]] en fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] wie. De genealogy tusken Abraham en David komme yn de beide evangeeljes oerien, mar se ferskille tusken David en Joazef. Mattéus begjint mei [[Salomo]] en neamt alle keningen fan Juda oant en mei de lêste kening [[Jojakin fan Juda|Jojakin]]. Nei Jojakin einige de line fan de keningen om't de [[Babyloanjers]] Juda ynnamen. Neffens Mattéus is Jezus it wettige erfgenamt fan de troan fan Israel. Lukas syn stambeam is langer as dy fan Mattéus en giet sa fier tebek as [[Adam]] en dy jout mear nammen tusken David en Joazef.

=== Berte fan Jezus ===
[[File:The Adoration of the Shepherds - Matthias Stom (Stomer) - Google Cultural Institute.jpg|thumb|250px|''De Oanbidding fan de Hoeders'' fan de Nederlânske skilder [[Matthias Stom]] (om 1635)]]
{{Apart|Berte fan Jezus}}
Line 26 ⟶ 27:
Herodus liet de wizen him tasizze en fertel him wêr't dy kening presiis wie, nei't hja him fûn hiene. Herodus hie noed om syn troan doe't er fernaam dat der in mooglike konkurrint berne wie en woe dat gefaar tefoaren komme. De wizen waarden yn in dream lykwols warskôge dat Herodus kweade bedoelings hie. Dêrom giene hja, nei't hja Jezus en syn âlden opsocht hiene, fia in omwei wer werom nei harren thús. Om wis te wêzen dat de oansteande kening fan de Joaden it net oerlibje soe, liet Herodus alle jonges fan ûnder de twa jier yn Betlehem ombringe. Dat barren stie bekend as de [[Bernemoard yn Betlehem]]. Mar Jezus ûntsnapte oan dat moardzjen, om't syn âlden mei him op tiid nei [[Flecht nei Egypte|Egypte flechten wiene]], nei't hja yn in dream warskôge waarden. Nei de dea fan Herodus kamen hja lykwols net werom nei Judea, mar ferfearen hja nei Galilea yn it plak Nazaret.

==== It datearjen fan Jezus syn berte ====
Om't Jezus berne waard doe't Herodus noch libbe (want dy wie yn 4 f.Kr. ferstoarn), moat Jezus berne wêze om 4 f.Kr. hinne. Herodus liet alle jonges fan twa jier en jonger ombringe, dus waard it tradisjonele bertejier fan Jezus tusken 6 f.Kr. en 4 f.Kr. setten.

=== Jonkheid ===
Oer de jongerein fan Jezus stiet net in soad fan yn de Bibel. Jezus en syn famylje wennen yn it doarp Nazaret yn de provinsje Galilea. Yn de Bibel stiet dat Jezus, neffens Joadske tradysje, op de achtste dei besnien waard. Nei't de poppe fjirtich dagen âld wie, fûn de [[Presintaasje fan Jezus yn de Timpel]] plak. Doe't syn âlden him, yn in besite oan [[Jeruzalim]], út it each ferlearen en him dêrnei wer weromfûn yn de Timpel fan Jeruzalim, dêr't er redendielde mei de skriftgelearden, begrypten hja net wat er sei: ''Wisten jo net dat ik yn it hûs fan myn Heit wêze moast''. Yn it evangeelje fan Lukas is noch te lêzen fan doe't er opwoeks, sterk en kloekmoedich waard, en dat de genede fan God mei him wie. Ek stiet yn dy evangeelje dat er om de tritich hinne wie dat er mei syn wurk úteinsette.

Jezus woeks op mei famylje en waard, doe't er oan it preekjen wie, de "timmerman" neamd. Syn sibben dy't neamd waarden, wiene: Jakob, Joazef, Simeon en Juda en guon froulju, waans nammen net neamd waarden. Hja waarden de ''[[bruorren en susters fan Jezus]]'' neamd. Men wit net oft it gie om wiere bruorren en susters, healbruorren of fierdere famylje. De evangeeljes fertelle dat Jezus syn bruorren nei syn opstean yn him begûn te leauwen. Om't der fierders neat mear oer Joazef yn de evangeeljes ferneamd stiet, tinkt men dat er foar Jezus syn preekjen al ferstoarn wêze moatten hie. It wurd "timmerman" dat ornaris brûkt waard, koe ek sa as bygelyks "oannimmer" betsjutte.

=== Doop en fersiking ===
{{Apart|Doop fan Jezus}}
[[Ofbyld:The Baptism of Christ (Verrocchio & Leonardo).jpg|200px|thumb|De Doop fan Jezus troch [[Andrea del Verrocchio]] en [[Leonardo da Vinci]] om [[1475]] hinne]]
Line 39 ⟶ 40:
Nei't Jezus doopt wie, late God him ta de woastyn dêr't er fjirtich dagen en fjirtich nachten fêste hie. De [[deale]] ferskynde foar him en besocht him trije kear yn fersiking te heljen (Mattéus 4:1-2). Dat wie om 'e nocht, want Jezus ferwiisde nei de boek [[Deuteronomium]]. Doe ferdwûn de deale en kamen ingels him fiedsel bringen.

=== Wurk fan Jezus ===
Doe't Jehannes de Doper troch kening [[Herodus Antipas]] (soan fan Herodus de Grutte) finzennaam en ûnthalze waard, naam Jezus syn wurk oer. Ynstee fan oer it oardiel, dat Jehannes preke, preke Jezus oer de genede fan God. De evangeeljes fertelle dat er troch gâns [[Palestina]] reizge. Hy sette dêrmei út ein yn Galilea en preke yn ferskate [[synagoge]]n en ek op in soad plakken bûtendoar. Hy gie om mei smeulske minsken, lykas [[prostituee]]s en tolgarders. Hy die in soad wûnders sa as bygelyks: it genêzen fan minsken fan sykten, ferdreau kweageasten, liet minsken út de dea wei wer libje, rûn oer it wetter hinne, bêde in stoarm del, feroare wetter ta wyn en joech fiiftûsen taskôgers iten mei fiif bôlen en twa fisken. Ek ferjage er jildwikselders en keaplju fan it timpelplein. Hy redendielde gauris mei Joadske gelearden. Ek socht er gauris in plak op dêr't er allinne ta syn Heit, God, bidde koe.

Hy reizge lykwols net allinne, mar keas tolve manlju dy't syn [[dissipels (Kristendom)|dissipels]] (learlingen) en skielk, nei syn dea (en opstean), [[apostel]]s (boadskippers) neamd waarden. De measten fan harren wiene fiskers út Galilea. Trije fan harren, [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus (apostel)|Jakobus]] stiene tichter by Jezus as de oaren. Ta oanwizing dêrfan wie it feit dat hja de iennige tsjûgen wiene fan inkelde bysûndere foarfallen. Bygelyks by de [[Ferhearliking op 'e Berch]], dêr't Jezus syn wêzen en klean feroaren en [[Moazes]] en [[Elía]] oan harren ferskinen en in stim út in himelske glâns harren opropte nei Jezus te harkjen: ''Dit is Myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him''. Njonken de tolve disipels folgen der in grut tal oare manlju en froulje Jezus op syn paad troch it lân. De dissipel [[Judas Iskariot]] bleau him lykwols net trou.

=== Arrestaasje ===
{{Apart|Arrestaasje fan Jezus}}
[[Ofbyld:Leonardo da Vinci (1452-1519) - The Last Supper (1495-1498).jpg|300px|thumb|It [[Lêste Nachtmiel]]'' fan [[Leonardo da Vinci]]]]
Nei't Jezus en syn dissipels justjes foar [[Pesach]] (Joadske [[Peaske]]) yn Jeruzalim oankamen, hie Judas Iskariot, ien fan syn dissipels, him foar it beteljen fan tritich sulverlingen, útlevere oan de Joadske hegepreesters. De arrestaasje fûn plak justjes nei it [[Lêste Nachtmiel]], dy't Jezus mei syn dissipels fierd hie en dêr't er harren fuotten waske hie. Dat foarfal wie neffens harren in bysûndere die fan nederigens. Jezus waard midden yn 'e nacht oppakt yn it hôf fan [[Getsémané]], dat in hôf fan [[oliif|olivebeammen]] krekt bûten de muorren fan Jeruzalim wie.

=== Rjochtsaak ===
[[Ofbyld:Antonio Ciseri Ecce Homo.png|thumb|left|''Ecce homo'' (Sjoch nei dy man). Jezus foar Pontius Pilatus. [[Antonio Ciseri]] 19e iuw]]
Jezus waard ûnderfrege troch de [[Sanhedrin]], de Joadske Rie fan Aldsten, de oerpreesters en Skriftgelearden, mei as foarsitter [[hegepreester]] [[Kajafas]]. Dêrnei waard er ûnderfrege troch de Romeinske [[prefekt]] fan Judea (''Praefectus Iudaeae'') [[Pontius Pilatus]]. Pilatus stjoerde him nei kening [[Herodus Antipas]], om't dy it sizzenskip oer Galilea hie en om't Jezus fan Galilea kaam, dochs dy stjoerde him werom nei Pilatus. Jezus waard doe beskuldige fan godslasterlike útspraken, mar Pilatus seach gjin reden him de deastraf te jaan. Hy joech ta ûnder druk fan de Joadske lieders en feroardielde him ta it [[Krusiging|krusigjen]], dat yn dy tiid in gebrûklike, dochs tige wrede foarm fan deastraf foar dyjingen, dy't sjoen waarden dy't de oarder fersteurden, wie.

=== It krusigjen ===
{{Apart|Krusiging fan Jezus}}
[[Ofbyld:Christ Carrying the Cross 1580.jpg|thumb|right|Jezus draacht syn krús. [[El Greco]]]]
It fûnis waard sletten op de heuvel [[Golgota]], krekt bûten Jeruzalim. Tagelyk mei Jezus waarden der ek twa oare feroardielden krusige. Boppe syn holle waard in buordsje befêstige mei de tekst: ''Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum'' (Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden). Op in soad skilderstikken stiet ''INRI'' oanjûn.

Syn ferstjerren duorre seis oere lang, fan moarns om njoggen oere oant middeis om trije oere (yn dy tiid hiet dat it tredde oant it njoggende oere fan de dei). Jezus utere yn dy seis oeren ferskate ''[[krúswurden]]''. Om tolve oere middeis hinne waard it oer it gânse lân tsjuster. Nei't Jezus him utere ''It is dien'', sykhelle er foar de lêste kear en doe ferstoar er. Neffens Mattéus fûn der dêrnei in [[ierdskodding]] plak.

Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.

=== De begreffenis fan Jezus ===
It lichem fan Jezus waard dêrnei, troch [[Joazef fan Arimatéa]], dy't in rike Joad wie, mei help fan [[Nikodémus]], fan it krús helle, en doe waard it lichem fan krûden en wynsels foarsjoen en yn in priveegrêf fan Joazef fan Arimatéa, dy't net brûkt wie, brocht. Der waard in grutte stien foar de grot rôle en dy waardfersegele. De Joadske Hege Rie frege oan Pilatus oft der beweitsing by it grêf wêze koe, en Pilatus stjoerde guon Romeinske soldaten om it grêf te beweitsjen.

=== De opstanning ===
[[Ofbyld:IVANOV YAV HRISTA MARI1.jpg|thumb|Ferskining fan Jezus oan Marije Magdalena]]
{{Apart|Opstanning fan Jezus}}
Op de tredde dei kamen guon froulju, [[Marije Magdalena]] in Johanna en in oare Marije, by it grêf en seagen dat de stien dêr foar wei rôle wie, de weitsen ferdwûn wiene en it lichem wei wie. De lykwynsels wiene efterbleaun en kreas opteard. Hja giene werom en fûnen Petrus en doe giene se mei de oare learlingen derop út nei it grêf ta. Hja hiene it noch net yn 'e gaten dat de Heare opstien wie en se giene wer nei hûs. Marije Magdalena bleau by it grêf en neffens Lukas ferskynden der twa ingels en seine tsjin har dat de Heare ferrizen wie. Neffens Jehannes ferskynde Jezus sels foar har, mar se hie it earst net yn 'e gaten dat it Him wie.

Neffens de evangeeljes en guon oare brieven fan it Nije Testamint ferskynde Jezus oan de dissipels en op syn minst 500 folgelingen. Hy ferskynde mei harren by de Mar fan Galiléa en by de ouwers fan dy mar hie Er it lêste miel mei harren. Dêr joech Er Petrus, dy't út noed by de rjochtsaak Jezus trije kear ferleagene hat, de goede eare werom.

=== Himelfeart ===
[[Ofbyld:Jesus ascending to heaven.jpg|thumb|Himelfeart fan Jezus]]
{{Apart|Himelfeart fan Jezus}}
{{Apart|Weromkommen fan Jezus}}
Nei dy lêste miel naam Jezus ôfskie fan de dissipels en joech harren de opdracht syn blide boadskip fan it ferjaan fan sûnden troch syn dea en opstanning, dêr't in nij ferbûn tusken God en de minske makke waard, oer gâns de wrâld te fersprieden, en hy sei harren ta dat Er [[Weromkommen fan Jezus|werom komme]] soe. Dêrnei stuts Er de hannen omheech en segene harren en doe ferfear Er omheech nei de himel.