Eallju: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: vi:Phong tước
L wjerjild -> warjild
Rigel 2:
 
==Fryske Eallju==
Doe't de [[Franken]] yn de [[8e ieu]] in ein makken oan it [[Fryske ryk]] en it gebiet fan de Fiezen ynlive waard by it [[Frankyske ryk]] troffen sy hjir gjin maatskippij oan fan allinich likensen. Oeral wienen doe al eallju en grutgrûnbesit oanwêzich. En it soenen benammen de eallju weze, dy't as earsten ree wienen om gear te wurkjen mei it [[Frankyske ryk]] en oerstapten nei it [[kristendom|kristlik]] leauwen. Al ûnder [[Pipyn II]] hawwe de Franken besocht om de Fryske eallju oan harren te binen troch skinkingen en troch ferdûbeling fan harren [[wjerjildwarjild]].
 
It Frankyske stribjen wie der benammen op rjochte om yn de Fryske gebieten in betroude hearskjende groep te krijen dy't it nije bewâld stypje soe. Sy mijden dêrby net om de Friezen grutte stikken lân te ûntfytmanjen en oer te dragen oan Frankyske trouwelingen. In soad lân kaam sa yn besit fan Frankyske eallju. Nei ferrin fan tiid soe út dizze beide groepen in nije ealstân ûntstean.