Gemeentefrij gebiet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
 
Rigel 1:
In '''gemeentefrij gebiet''' is in gebiet dat net regearre wurdt troch in gemeente, mar troch in hegere bestjoerslaach.
 
Yn lannen lykas [[Austraalje (lân)|Austraalje]], [[Kanada]] en de [[Feriene Steaten]] komt dizze foarm ornaris foar. Lannen lykas [[Belgje]], [[Eastenryk]], [[Finlân]], [[Frankryk]] (útsein guon oerseeske parten), [[Itaalje]], [[Nederlân]], [[Noarwegen]], [[Poalen]], [[Sweden]] en [[Switserlân]] binne alhiel ferdield yn gemeentes. Yn [[Dútslân]] binne der in pear gemeentefrije gebieten.
 
Yn Nederlân hawwe der yn it ferline ek wol gemeentefrije gebieten west, lykas de [[Polder|polders]] yn it [[Iselmar]]. Ek de [[Waadsee]] wie sa'n gebiet, dêr't it ûnwis wie by hokker gemeente jin ynskreaun wêze moasten at dêr immen op in boat berne wie. Sa'n bern moast by wet by it befolkingsregister yn [[De Haach]] ynskreaun wurde.