Berte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
Rigel 1:
[[File:HumanNewborn.JPG|right|thumb|230px|In nijberne [[poppe]].]]
'''Berte''' is de beneaming foar it proses wêrby't in nij [[libben]] [[organisme]] te wrâld komt, ûntstien út ien of (meastal) twa oare organismen fan deselde [[soarte]]. Dit nije organisme kin nei de berte selsstannich bestean, al kin it, benammen by hegere [[bisten]], faak noch net lang sûnder help fan ien of beide fan syn [[âlden]] oerlibje. De berte fynt meastal in beskate, soartbûne lingte fan tiid nei de [[befruchting]] fan in [[aaisel]] plak. Yn 'e tuskentiid groeit der in [[embryo]] yn it [[aai (bist)|aai]] of yn it [[lichem (anatomy)|lichem]] fan 'e [[mem]]. Dy tuskenlizzende perioade hjit de [[draachtiid]], en wurdt by [[minske]]n meastal oantsjut as it [[swierwêzen]].
 
==Berte by libbenbernjende dieren==
De berte fynt by [[libbenbernjendheid|libbenbernjende dieren]] (lykas [[sûchdieren]]) plak troch gearlûking fan it [[limoer]], it part fan it [[lichem (anatomy)|lichem]] fan 'e [[mem]] dêr't it [[embryo]] him ûnder de [[draachtiid]] ûntjûn hat. Tsjin 'e tiid fan 'e berte is dat embryo sasear oanwoeksen, dat men net mear fan in embryo, mar fan in [[foetus]] sprekt. Troch de (ûnfrijwillige) gearlûkings troch de mem fan 'e [[spier]]en yn 'e wanden fan it limoer (de [[wee (berte)|weeën]]), wurdt de foetus troch it [[bertekanaal]] en de [[fagina]] nei bûten ta dreaun, út it lichem fan 'e mem wei. Dat is de berte, dy't by minsken de [[befalling]] neamd wurdt. By bisten, benammen oare sûchdieren, sprekt men ornaris fan it smiten fan 'e jongen. By de measte libbenbernjende dieren binne de nijberne jongen de earste tiid nei de berte noch ôfhinklik fan [[tatemolke]] en fierdere [[briedsoarch]]. Noch sterker is dat it gefal by [[bûdeldieren]], dêr't it folslein helpeleas te wrâld kommen jong noch moannenlang opgroeie moat yn 'e [[bûdel (biology)|bûdel]] fan 'e mem.
 
It oantal jongen dat yn ien kear te wrâld brocht wurdt, hjit in [[smeet]] of ek wol in [[nêst]]. De grutte fan in smeet kin by sûchdieren útinoar rinne fan ien oant mear as tsien jongen. Yn 'e regel kin men stelle wat lytser it bist, wat grutter de smeet. Sa kinne [[mûzen]] en [[wylde knyn|kninen]] wol tsien jongen yn ien smeet te wrâld bringe, wylst de [[oaljefant]] hast nea mear as ien jong kriget. De reden dêrfoar wurdt foarme troch de ferskillende [[evolúsje|evolúsjonêre strategyen]] dy't dy soarten folgje. Oaljefanten binne sa grut en sterk dat se har jong tsjin [[rôfdier]]en ferdigenje kinne. Harren strategy is dus om ien jong te nimmen en dêr safolle mooglik tiid en muoite oan te besteegjen sadat it jong letter in sa grut mooglike kâns hat om los fan syn âlden yn it wyld te oerlibjen. Mûzen en kninen folgje in hiel oare strategy. Sy kinne harren jongen net ferdigenje tsjin rôfdieren, dus harren oplossing is om safolle mooglik jongen te krijen, om 'e kâns sa grut mooglik te meitsjen dat der teminsten ien oerlibje sil.