Brieden (fûgels): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
dp
 
Rigel 1:
[[File:TurdusMerulaNest.jpg|right|thumb|250px|In [[lyster]] (''Turdus merula'') sit te brieden.]]
It '''brieden''' fan [[fûgels]] is it troch waarm hâlden útkomme litten fan 'e [[aai (bist)|aai]]en dy't it produkt binne fan it [[fuortplanting]]sproses. Sok gedrach is [[ynstinkt]]yf, en net oanleard. It fynt yn 'e regel plak yn in tiid dat der in grut oanbod oan fretten beskikber is, sadat de jongen makliker fuorre wurde kinne as se út it aai komme, wat har in bettere kâns biede sil om te oerlibjen oant se selsstannich binne.
 
It fuortplantingsproses begjint by fûgels mei de [[balts]] dy't folge wurdt troch de [[pearing]] fan in [[mantsje]]- en in [[wyfke]]fûgel. Dat resultearret koarte tiid letter yn it lizzen fan 'e aaien troch it wyfke. Foartiid bout it wyfke, of bouwe it mantsje en it wyfke tegearre, in [[fûgelnêst]], dat ornaris bestiet út [[gers]], [[tûke (beam)|twiichjes]] en oar [[plant]]aardich materiaal, mar soms ek út oare dingen, lykas [[stien]]tsjes of [[plestik]] of oarsoartich [[ôffal]] dat troch de [[minske]] weismiten is. It plak dêr't sa'n nêst boud wurdt, hinget fan 'e fûgelsoarte ôf; guon meitsje har nêst op 'e grûn, faak mank wat hege begroeiïng, wylst oaren it op hege(re) plakken boppe de grûn oanlizze, yn [[beam]]men, op [[rots]]richels of yn of op [[gebou]]wen.