Hikke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Nationaal Park De Alde Feanen. Locatie, It Wikelslân 03.jpg|right|300px|thumb|In hikke yn it [[Nasjonaal Park De Alde Feanen]].]]
In '''hikke''' is [[stek (ôffreding)|stek]] fan [[hout]] dat brûkt wurdt om [[sleat (wetter)|sleat]]sdammen mei ôf te sluten. In hikke bestiet almeast út fiif of seis horizontale en trije oant fjouwer fertikale planken. De boppeste horizontale 'planke' is yn 'e regel eins in balkje. Soms binne der foar de stevichheid noch in pear planken diagonaal tafoege.
 
Hikken wurde oerdwers op 'e daam setten en oan wjerskanten mei [[tou]]wen fêstbûn oan 'e [[peal|daamspeallen]]. Oan 'e hikke wurde de touwen fêstmakke oan 'e beide uterste fertikale planken. It horizontale plankwurk stekt dan noch sa'n 30 sm út, wat faak genôch is om 'e daam hielendal ôf te sluten foar [[bist]]en, hoewol't [[minske]]n har der dan yn 'e regel noch wol boppe de [[sleat]] lâns omhinne swinge kinne troch har goed oan 'e daamspeal fêst te hâlden. By âldere dammen, dy't fansiden gjin [[beton]]platen hawwe, moatte loft en rjochts yn 'e [[ûnderwâl]] faak noch in pear lytsere stekjes tafoege wurde tusken de sleatskant en daamspeal.
[[File:Westtown.jpg|left|thumb|200px|Dit liket op in hikke, mar is fierstente lang en kin net iepen, en moat dêrom in [[stek (ôffreding)|stek]] neamd wurde.]]