Slach oan de Paelesleat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 20:
 
== De slach en neirin ==
Beide legers moeten elkoar op [[12 maaie]] [[1420]] elkoar by de [[Paele Sleat]] tichtby Hylpen. It wie foar de twadde kear dat Sikke en Fokko foar elkoar oer stienen op it slachfjild en wer kaam Fokko as oerwinner út de striid. Hoe't de slach presys ferrûn is, is net oerlevere en it tal slachtoffers is omstriden. It tal slachtoffers rint útein tusken 300 deade Skieringers en 200 finzenen ([[Worp fan Thabor|Worp]]) oant inkele tûzenen deaden en om-ende-by 1.000 finzenen ([[Eggerik Beninga|Beninga]]). Yn alle gefallen hawwe de oermastere Skieringers in goed hinne kommen socht en in goed beskûl fine kinne yn de stêden [[Starum]] en [[Sleat (stêd)|Sleat]]. Fan dêrút wei waard help frege by hartoch [[Jan fan Beieren]] dy't neffens in ferbûn ferplichte wie om de Skieringers te helpen.
 
Underwilens sloech Fokko it belis foar Sleat dat er earst bemachtigje woe ear't Starum, it foarnaamste ûntwyk fan de Skieringers oanfallen wurde koe. Op [[11 july]] [[1420]] soenen beide partijen by Sleat opnij slach levere (sjoch: ''de [[Slach by Sleat (1420)|Slach by Sleat]]'').