Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 77:
It konsept fan pornografy sa't dat hjoed de dei bestiet, is lykwols in produkt fan 'e oerkekene [[Fiktoriaanske tiid]], doe't sokke saken foar it earst by de wet ferbean waarden, wat fansels in ûndergrûnsk sirkwy opsmiet dêr't pornografyske lektuer yn rûngie. De earste wet dy't pornografy as sadanich kriminalisearre, wie de [[Grut-Brittanje|Britske]] ''Obscene Publications Act 1857'', dy't trouwens fan krêft wie yn [[Ingelân]], [[Wales]] en [[Ierlân (eilân)|Ierlân]], mar net yn [[Skotlân]].<ref>Hyde, H. Montgomery, ''A History of Pornography'', s.14.</ref> Mar de ferfolging fan pornografy wie yn Ingelân al in iuw earder begûn. De roman ''[[Fanny Hill]]'', út [[1748]], wurdt beskôge as de earste Ingelsktalige pornografy<ref>Foxon, ''Libertine Literature in England, 1660–1745,'' s. 45.</ref> en is ien fan 'e meast juridysk ferfolge en faakst ferbeane boeken fan 'e hiele skiednis. De skriuwer, [[John Cleland]], waard oanklage foar it "korrumpearjen fan 's kenings ûnderdienen".<ref>Sutherland, ''Offensive Literature: Decensorship in Britain, 1960–1982'', s. 32.</ref>
 
De Fiktoriaanske moraal wie trouwens in dûbelenien, want foar manlju fan kwizekwânsje en/of heech komôf wie it net ferbean en besjoch pornografy; sokken koene dermei fertroud wurde. By de grutskalige opgravings yn it [[Itaalje|Italjaanske]] [[Pompeii]], yn 'e 1860-er jierren, waarden withoefolle dingen fan pornografyske aard opdold — in hiele skok foar de Fiktorianen, dy't harsels as de yntellektuële erfgenamten fan it [[Romeinske Ryk]] beskôgen. It losse guod waard fuortstoppe yn it [[Geheim Museum (Napels)|Geheim Museum]], te [[Napels (stêd)|Napels]], dêr't inkeld in selekte groep manlju it besichtigje koe. Wat net dêrhinne oerbrocht wurde koe, waard ôfset en bedutsen, sadat froulju, bern en fral de legerein it mar net sjen kinne soene.<ref>Beck, Marianna, ''The Roots of Western Pornography: Victorian Obsessions and Fin-de-Siècle Predilections'' (www.libidomag.com).</ref>
 
De produksje fan pornografyske films begûn frijwol daliks nei de útfining it medium film yn [[1895]], ek al wie de produksje, distribúsje en besichtiging derfan al mei gauwens strang ferbean. Pas yn [[1969]] kaam dêr feroaring yn, doe't [[Denemark]] as earste lân pornografy legalisearre. Dat hie fan gefolgen dat der in wiere eksploazje fan Deenske en letter ek [[Sweden|Sweedske]] porno produsearre waard, dy't de ûndergrûnske sirkwys yn 'e rest fan 'e wrâld oerspielde, en wat de [[Skandinaavje|Skandinavyske lannen]] de namme jûn hat in losse seksuële moraal te hawwen. Yn [[Nederlân]] waard pornografy pas dekriminalisearre troch de ''wijziging van artikel 240 van het Wetboek van Strafrecht en van enige andere bepalingen'', út [[1985]] en yngeand yn [[1986]], al waarden in protte [[seksshop|seksshops]] doe al inkele jierren gedoogd. Sûnt de ein fan 'e jierren njoggentich is de produksje en distribúsje fan pornografy revolúsjonearre troch de opkomst en noch altiten groeiende rol fan it [[ynternet]]. [[Ynternetpornografy]] is tsjintwurdich sadwaande in rûnombywêzich ferskynsel.