Nicolas Mignard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 4:
 
==Biografy==
Nicolas Mignard studearre by in pleatslik master yn Troyes. Nei in skoft yn [[Fontainebleau]], gie er nei [[Avignon]] yn 1632. Dêrnei reizge er nei [[Rome (stêd)|Rome]] mei de aartsbiskop fan Lyon. Mignard gie werom nei Avignon yn 1636, nei it foltôgjen fan in searje [[ets]]en yn Rome.<ref name="getty">[http://www.getty.edu/art/gettyguide/artMakerDetails?maker=3962&page=1 Getty Museum]</ref> Hy skildere dêr meast fanwege religieuze ynstituten. Mignard wenne syn lêste jierren yn [[Parys]], dêr't er in súksesfol portretskilder waard. Mignard ferliet Avignon nei in besite fan kening [[Loadewyk XIV]] en syn hofhâlding. De kening helle Mignard nei Parys. Mignard waard dêr yn [[1663]] lid fan de [[Académie Royale]].<ref name="getty"/>
 
Mignard hâlde it grutste part fan syn libben ta in Avignon. Syn wurk bleau lykwols wat yn it skaad stean fan dat fan syn jongere broer Pierre, dy't yn Paris wenne. Nicolas Mignard syn skilderijen bleaune nei syn dea foar it meastepart yn Avignon as yn lytsere plakken yn de omkriten fan Avignon. Yn de tiid fan de [[Frânske Revolúsje]] waard syn wurk foar in grut part taskreaun oan syn broer [[Pierre Mignard]].<ref>[http://www.jstor.org/pss/879756 Anthony Blunt, ''The Burlington Magazine''], diel 121, nû. 918 (sept., 1979), s. 603–605+607</ref>