Godehardus fan Hildesheim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 52:
== Ferearing ==
[[Ofbyld:Domkrypta des Hildesheimer Doms 01.jpg|thumb|left|250px|''De Godehardusskryn (1140) yn de domtsjerke fan Hildesheim'']]
Godehardus waard yn 1131 troch paus [[Innocentius II (paus)|Innocentius II]] hillich ferklearre. Op de top fan de Gotthardpas stiet in kapel dy't al yn de 11e iuw bestie. Undersyk by opgravings wize út dat de kapel al yn de 9e iuw boud waard. De aartsbiskop fan Milaan wijde dy kapel yn 1230 oan Sint-Godehardus. In pear jier letter ûntstie der foar de nei [[Rome (stêd)|Rome]] reizgjende [[pylger]]s in herberge. Fanôf 1685 fersoargen de kapusiner muontsen dêr de pylgers. Tsjintwurdich is der in hotel yn hûsfêste, wylst it histoaryske diel út 1237 beskerme wurdt.
 
Ta eare fan Godehardus waard yn Hildesheim de heechromaanske Godehardusbasilyk boud. Yn de [[krypte]] wurdt de [[skryn]] mei syn [[Relikwy|reliken]] fereare. Yn de parochy- en abdijtsjerke fan Sint-Mauritius fan Niederalteich is oan de hillige it alter wijd. De abdij bewarret guon [[paramint]]en fan Godehardus: it troch keizerin Kunigunde (de frou fan Hindrik II) skonken liturgysk kleed fan Godehardus, de koarde dêr't de hillige it ûnderkleed mei fêstbûn, in skoech en syn stêf.