Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 7:
| nasjonaliteit = [[File:Flag of Cross of Burgundy.svg|20px]] [[Spanje|Spaansk]]
| berne = [[24 novimber]] [[1583]]
| berteplak = [[Sevilla (stêd)|Sevilla]] ([[Spanje]])
| stoarn = [[11 jannewaris]] [[1641]]
| stjerplak = [[Madrid (stêd)|Madrid]] ([[Spanje]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Andalusia.svg|20px]] [[Andalûsiërs|Andalûsysk]]
| taal = [[Spaansk]]
Rigel 23:
}}
{{Spaanske namme|Juan|Martínez de Jáuregui|Hurtado de la Sal (Aguilar)|Martínez de Jáuregui|Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal (Aguilar)}}
'''Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar''' ([[Spaansk]]e útspr.: [xwɑn mar'tinɛð də 'xɑurəɡi i aɡi'lar]), ek wol bekend as: '''Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal''' ([[Sevilla (stêd)|Sevilla]], [[24 novimber]] [[1583]] – [[Madrid (stêd)|Madrid]], [[11 jannewaris]] [[1641]]) wie in [[Spanje|Spaansk]] [[dichter]], [[oersetter]], [[wittenskipper]] en [[keunstskilder]] yn it lêst fan wat wol de [[Spaanske Goudene Iuw]] neamd wurdt. As dichter stie er bekend om syn fûleindich ferset tsjin 'e nije dichtstilen fan 'e Spaanske [[barok]], al wie dat wetterterskjen, wêrby't er úteinlik belies jaan moast. As oersetter wied er ferantwurdlik foar in iere Spaanske fertaling fan 'e ''Pharsalia'', fan 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] dichter [[Lukanus]], al waard dy pas lang nei syn dea publisearre.
 
==Libben==
Juan Martínez de Jáuregui y Aguilar waard yn [[1583]] berne yn it [[Andalúsje|Andalusyske]] [[Sevilla]]. Hy wie it fyfde bern yn it gesin fan don Miguel Martínez de Jáuregui, in ''[[hidalgo]]'' (lid fan 'e Spaanske legere adel sûnder fierdere titel) út it gewest [[La Rioja]], en doña Isabel Hurtado de la Sal, út Sevilla. Syn âldste broer brocht it letter ta ''regidor'' (kommissaris) fan Sevilla. Eins hiet Martínez de Jáuregui fan Juan Martínez de Jáuregui y Hurtado de la Sal, mar hy feroare op eigen manneboet syn twadde efternamme (dy't fan syn mem kaam) yn "Aguilar", de efternamme fan ien fan syn beppes.
 
Oer Martínez de Jáuregui syn jonkheid is frijwol neat bekend, al wurde der yn syn traktaat ''Arte de la Pintura'' ("De Skilderkeunst") ferwizings makke nei ferskate reizen nei [[Itaalje]]. Fierders is it bekend dat er in hoart yn [[Rome (stêd)|Rome]] ferbleau, foar 't neist om skilderjen te learen. Koart foar [[1610]] kearde er mei 26 jier werom yn Spanje, doe't er al namme makke hie as sawol [[skilderkeunstskilder]] as [[dichter]]. Sa hied er yn [[1600]] al in portret skildere fan 'e ferneamde Spaanske [[skriuwer]] [[Miguel de Cervantes]].
 
Yn [[1618]] kaam Martínez de Jáuregui syn ''Rimas'' út, in samling elegante lietteksten dêr't er guon oersettings fan 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] skriuwers [[Horatius]], [[Martialis]] en [[Ausonius]] yn bemjukse hie. It waard foarôfgien troch in kontroversjeel foarwurd, dat nochal wat opsjoch joech fanwegen de ûndûbelsinnige wize wêrop't Martínez de Jáuregui him dêryn ôfsette tsjin it [[kulturanisme]], in stylistyske beweging binnen de [[poëzij|dichtkeunst]] fan 'e Spaanske [[barok]], dy't útdroegen waard troch de dichter [[Luis de Góngora]]. In oar Spaansk dichter, [[Francisco de Quevedo]], hie fanwegen dy stellingname gjin goed wurd foar Martínez de Jáuregui oer, en húnde him yn syn ''La Perinola''.
 
Troch de ynfloed fan [[Gaspar de Guzmán, greve-hartoch fan Olivares]], waard Martínez de Jáuregui beneamd ta [[keamerhear]] fan 'e Spaanske kening [[Filips IV fan Spanje|Filips IV]]. Yn [[1624]] fierde er mei syn ''Discurso Poético contra el Hablar Culto y Oscuro'' ("Dichterlik Traktaat tsjin it Kultyske en Obskuere Geëamel") in kundige oanfal út op 'e nije styl, wylst er dêrby teffens syn eigen artistike ideeën út 'e doeken die. Dat smiet him it lidmaatskip fan 'e [[Oarder fan Calatrava]] op, in keninklike ûnderskieding. Lykwols is it dúdlik dat er troch de fûleindige polemyk wat út 'e stokken rekke wie, want út syn ''Orfeo'' (ek út 1624) blykt dúdlik de ynfloed fan Góngora.
[[File:Cervantes Jáuregui.jpg|right|thumb|200px|It portret fan [[Miguel de Cervantes|Cervantes]], skildere troch Martínez de Jáuregui.]]
 
Martínez de Jáuregui stoar yn 'e Spaanske haadstêd [[Madrid (stêd)|Madrid]], yn jannewaris [[1641]]. Hy liet in oersetting fan 'e ''Pharsalia'' fan 'e Romeinsk dichter [[Lukanus]] nei, dy't pas yn [[1684]] útjûn waard. Ut dy fertaling docht bliken dat Martínez de Jáuregui úteinlik alhiel bekeard waard ta de nije dichtstyl, en men wol wol hawwe dat er troch de likenissen tusken Lukanus en Góngora te fergrutsjen (dy't allebeide berne wiene yn [[Kordoba]]), mei opsetsin de fersen fan 'e iere dichter yn 'e styl fan 'e lettere master getten hat. Dat is mooglik, mar it kin fansels likegoed wêze dat Martínez de Jáuregui syn tajaan oan 'e populêrste dichtstyl fan syn tiid in ûnbewust proses wie dat him ûngemurken bekroep.
 
==Wurk==