West Hollywood (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]] oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 21:
[[File:LA_County_Incorporated_Areas_West_Hollywood_highlighted.svg|left|thumb|200px|De lizzing fan Wes Hollywood yn [[Los Angeles County (Kalifornje)|Los Angeles County]] en yn 'e steat [[Kalifornje]].]]
[[File:WeHoCityHall.jpg|left|thumb|200px|It [[stedhûs]] fan West Hollywood.]]
'''West Hollywood''', troch ynwenners gauris [[ôfkoarting|ôfkoarte]] ta '''WeHo''' (útspr.: ['wi:hoʊ]; likernôch: "wiihoo"), is in [[stêd]] yn it [[suden]] fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]]. Dit [[plak (geografy)|plak]] leit yn [[Los Angeles County (Kalifornje)|Los Angeles County]], grinzget yn it [[westen]] oan 'e stêd [[Beverly Hills]] en wurdt oan alle oare kanten omsletten troch [[wyk|wiken]] fan [[Los Angeles]], wêrûnder [[Hollywood]] oan 'e [[east]]kant. West Hollywood stiet bekend om syn grutte [[homoseksualiteit|homoseksuële]] en [[lesbiënne|lesbyske]] mienskip. Neffens in offisjele skatting út [[2013]] hie de stêd doe goed 35.000 ynwenners. It makket lykwols ûnderdiel út fan 'e [[stêdekloft]] fan [[Los Angeles]], mei in [[befolking]] fan yn totaal krapoan 13 miljoen [[minske]]n.
 
==Skiednis==
Rigel 36:
 
==Demografy==
Neffens in offisjele skatting troch it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] op grûn fan gegevens fan 'e [[folkstelling]] fan [[2010]] hie West Hollywood yn [[2013]] in [[befolking]] fan 35.288 [[minske]]n. De [[befolkingstichtens]] bedroech 7.201,6 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan West Hollywood 14,9% âlder as 65 [[jier]] en 4,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 59,7% fan 'e [[húshâlding]]s út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]], wylst 15,8% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe. Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 77,9% [[jeropide ras|blanken]]; 10,5% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 5,4% [[Aazje|Aziaten]]; 3,2% [[negroïde ras|swarten]]; 0,3% [[Yndianen]]; 0,1% [[Polyneezje|Polyneziërs]], [[Melaneezje|Melaneziërs]] en [[Mikroneezje (eilannekloft)|Mikroneziërs]]; 2,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
[[File:ChateauMarmont_01.jpg|right|thumb|250px|It djoere Château Marmont Hotel.]]