Lânmacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 3:
In '''lânmacht''' is dat diel fan 'e [[kriichsmacht]] fan in [[lân|steat]], dat him taleit op it fjochtsjen op [[grûn|lân]]. Yn it deistich spraakgebrûk wurdt foar dit kriichsmachtûnderdiel ornaris de oantsjutting '''leger''' brûkt, hoewol't dat begryp ek in bredere betsjutting hat dat de hiele kriichsmacht omfiemet. In oar, argaysk, wurd foar 'lânmacht' is '''armee''', fan it [[Frânsk]]e ''armée'', dat wer fan it [[Latyn]]ske wurd ''arma'' ("wapen") ôflaat is.
 
De lânmacht is it âldste en meast foarkommende diel fan 'e kriichsmacht, mei't lang net alle lannen in kustline en dus in [[marine]] hawwe, wylst de [[loftmacht]] in frij resinte útfining is. Fan âlds bestie de lânmacht út trije saneamde [[wapen (lânmacht)|wapens]]: de [[ynfantery]] (it [[fuotfolk]]), de [[kavalery]] (it [[hynstefolk]]) en, fan 'e [[fjirtjinde iuw]] ôf, de [[artillery]] (de [[kanon (wapen)|kanon]]nen). Letter kamen dêr spesjalisearre troepen by, lykas de [[sjeny (kriichsmacht)|sjeny]] en de [[kommando's]]. It is ek mooglik dat in lânmacht oare kriichsmachtûnderdielen ynkorporearret, lykas in eigen [[loftmacht]]korps.
 
Der binne trije haaddoelen dêr't in lânmacht foar ynset wurde kin. Yn it foarste plak giet it dêrby om ferdigening, itsij ferdigening fan it eigen grûngebiet, itsij ferdigening fan in befreone steat. Twad is in lânmacht bedoeld om mei oan te fallen en in diel fan in oare steat of in oare steat yn syn gehiel mei te feroverjen. Soks wurdt tsjintwurdich beskôge as [[etyk|ûnetysk]] en frijwol net mear dien. (De lêste kear dat dit foarkaam wie yn [[2013]], doe't [[Ruslân]] de [[Krim]] op 'e [[Oekraïne]] ferovere en ûnrjochtlik besette.) En tred en lêst wurdt de lânmacht ek ynset om 'e oerheid te ûnderstypjen yn net direkt konfliktrelatearre saken, lykas bewekking fan kwetsbere fasiliteiten en helpferliening nei in [[natoerramp]].