Ronald Reagan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Frysk
Ronald_Reagan_and_General_Electric_Theater_1954-62.jpg ferfongen troch [[commons:File:Publicity_photograph_of_Ronald_Reagan_sitting_in_General_Electric_Theater_director's_chair.jpg|Publicity_photograph_of_Ronald_Reagan_sitting_in_General_Electric_Theater_
Rigel 36:
=== Aktearkarriêre ===
Reagan brocht syn earste pear jier yn [[Hollywood]] troch mei it spyljen yn [[B-film]]s, dêr't kwaliteit minder wichtich wie as it heljen fan ''deadlines''. Syn earste filmrol spile er yn ''[[Love Is on the Air]]'', út [[1937]], en tsjin ein [[1939]] hied er al meiwurke oan 19 films, wêrûnder ''[[Dark Victory]]'', mei [[Bette Davis]] en [[Humphrey Bogart]]. Hy waard lykwols pas bekend mei syn rol yn ''[[Knute Rockne, All American]]'' ([[1940]]), as George Gipp, byneamd "''The Gipper''" (in bynamme dy't oergie op Reagan sels, en dy't er syn hiele libben behâlde soe). Oare bekende rollen hied er yn 'e [[western (sjenre)|western]] ''[[Santa Fe Trail (film)|Santa Fe Trail]]'' ([[1940]]), mei [[Errol Flynn]], en yn ''[[Kings Row]]'' ([[1942]]), wêryn't er in man spile fan wa't beide skonken ôfset wiene.
[[Ofbyld:Ronald_Reagan_and_General_Electric_Theater_1954-62Publicity photograph of Ronald Reagan sitting in General Electric Theater director's chair.jpg|left|thumb|200px|Ronald Reagan as presintator op 'e Amerikaanske [[tillefyzje]].]]
 
Fral mei dy lêste rol wûn Reagan in protte loovjende kritiken, mar hy koe syn súkses net kapitalisearje, mei't er krekt doe oproppen waard foar syn tsjinstplicht. Fanwegen syn [[bysjendheid]] brocht er de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn 'e Feriene Steaten sels troch, as [[luitenant]] en sûnt [[1943]] as [[kaptein (rang)|kaptein]] by de ''1ste Motion Picture Unit'' fan it [[Amerikaanske Leger]], yn it Kalifornyske [[Culver City (Kalifornje)|Culver City]], dy't benammen trainingsfilmkes foar de [[Amerikaanske Loftmacht]] makke. Nei't er yn desimber [[1945]] ôfswaaid wie, kearde er werom yn Hollywood, dêr't er lykwols nea syn foaroarlochske stjerrestatus weromwûn. Lykwols spile er noch yn films as ''[[The Voice of the Turtle (film)|The Voice of the Turtle]]'', ''[[John Loves Mary]]'', ''[[The Hasty Heart]]'', ''[[Bedtime for Bonzo]]'', ''[[Cattle Queen of Montana]]'', ''[[Tennessee's Partner]]'' en ''[[Hellcats of the Navy]]''. Syn lêste rol hied er yn ''[[The Killers (film út 1964)|The Killers]]'', út [[1964]], en dat wie teffens de iennichste kear dat er in smjunt spile.