Jakobisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 22:
[[File:The Battle of Culloden.jpg|right|thumb|250px|De [[Slach by Culloden]], yn [[1746]], op in [[skilderij]] fan [[David Morier]].]]
 
De [[Jakobityske Opstân fan 1745|meast ferneamde jakobityske opstân]], ''the Forty-Five'', fûn plak yn [[1745]], doe't de Jonge Pretendint Karel Edwert Stuart, better bekend as ''Bonnie Prince Charlie'', op 'e Skotske kust lâne en de Heechlânske klans oprôp ta rebûlje, en in grut diel fan 'e klans gehoar joech oan dy oprop. Hoewol't dizze opstân begûn sûnder ienige foarm fan tarieding, hiene de jakobiten diskear it elemint fan 'e ferrassing oan har kant, en boppedat wiene de measte Britske troepen op it fêstelân fan Jeropa behelle yn 'e [[Eastenrykske Súksesjeoarloch]]. Nei in flugge oerwinning yn 'e [[Slach by Prestonpans]] wisten de jakobiten grutte parten fan Skotlân, mei dêrûnder de haadstêd Edinburch, yn 'e hannen te krijen. Dêrnei begûn prins Karel mei syn Heechlânske leger oan in opmars troch Ingelân, mar wat fierder oft de Skotten fan har heitelân ôf rekken, wat minder oft it har noaske en wat mear oft [[desersje|desertearren]]. Likegoed wisten de jakobiten [[Derby]], yn súdlik Ingelân, te berikken foar't se tsjinkeard wurde koene troch guon mei tûzen hasten fan it kontinint weromhelle Ingelske troepen. In weromtocht wie doe net oan te ûntkommen, en prins Karel moast him mei syn leger weromlûke yn 'e Skotske Heechlannen, dêr't lykwols nije troepen wûn wurde koene. De opstân einige op 't lêst yn 'e klimaktyske [[Slach by Culloden]], dêr't de moed fan 'e Heechlânske klans op [[16 april]] [[1746]] smoard waard yn it boalderjen fan Ingelske [[kanon (wapen)|kanon]]nen.
 
Karel Edwert Stuart doarme neitiid in simmer lang troch de [[Skotske Heechlannen|Heechlannen]] en de [[Hebriden]] fan skûlplak nei skûlplak, oant er úteinlik ûntkomme koe nei Frankryk, dêr't er oant syn dea yn [[1788]] neat mear út 'e wei sette. Underwilens krige Skotlân nei ôfrin fan 'e opstân slim te lijen fan Ingelske ûnderdrukking. It Britske leger hold plonderjend en brânskattend hûs yn it lân en 120 fan 'e jakobityske lieders krigen de [[deastraf]], wylst mear as 1.100 oaren fan hûs en hiem ferballe waarden nei de koloanjes. It dragen fan 'e [[kilt]] waard oant [[1782]] by [[wet]] ferbean, en de befolking fan 'e Heechlannen en de Hebriden waard fierder troffen troch in miltêre besetting dy't noch jierren oanhold en bytiden de foarm fan in wier skrikbewâld oannaam, mei slachtpartijen wêrby't sels froulju en bern net ûntsjoen waarden. Hiele klans waarden soms fan har foarâlderlik wengebiet ferdreaun, yn in proses dat tsjintwurdich sûnder mis as in [[etnyske suvering]] beskôge wurde soe. De opstân fan 1745 wie in ramp dy't it [[Skotske klans|klanwêzen]] yn Skotlân nea wer te boppe komme soe.