Bewusteleazens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 2:
'''Bewusteleazens''' of '''bewusteleasheid''' is in tastân wêryn't men it [[bewustwêzen]] oer jins om-en-by ferliest. Yn tsjinstelling ta de natuerlike [[sliep]] kin men dêrby net troch oansprekken, skodzjen, knipen of oare [[sintúch|sintúglike]] [[stimulus|prikels]] út wekke wurde. Yn it [[Frysk]] sprekt men foar 'bewusteleas wêze' ek wol fan 'dûzje' of 'bûten westen', 'yn 'e sûs', 'yn 'e dûze', 'wei', 'deryn wei' of 'út 'e wei wêze'.<ref>{{Aut|Visser, W.}}, ''Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk'', Drachten/Ljouwert, 1992 (A.J Osinga Utjouwerij/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 88.</ref>
 
Yn 'e [[genêskunde|medyske]] [[diagnostyk]] wurdt bewusteleazens beskôge as in [[symptoom]]. Bewusteleazens wurdt hast altyd feroarsake troch ien fan twa dingen. Yn it foarste plak kin meganysk [[geweld]] wêze (ornaris in klap op 'e [[holle]], bgl. troch in terwinkel fan in oare persoan of trochdat men by in [[ûngemak]] mei de holle earne tsjinoan smakt), dat resultearret yn in [[harsensskodding]] of in [[harsenskniezing]]. De oare meast foarkommende oarsaak is [[metabolisme|metaboale]] problematyk, lykas it tekoartsjitten fan 'e [[bloed]]foarsjenning fan 'e [[harsens]] of de ynwurking fan [[gif]]tige stoffen (lykas [[alkohol]], [[morfine]] of [[koalmonokside]]) op 'e harsens. Oare oarsaken fan bewusteleazens kinne bygelyks wêze: in [[serebraal faskulêr aksidint|oerhaal]], in oanfal fan [[epilepsy]] of in sterke ferheging fan 'e [[druk (grutheid)|druk]] yn 'e [[skedelholte]].
 
In koart duorjende, ûnskuldige foarm fan bewusteleazens is it [[flaufallen]] dat benammen foarkomt by lju dy't oanhelle binne mei in te [[lege bloeddruk]], hjittens, [[benaudheid]] of oare omstannichheden dy't resultearje yn in tydlik fermindere bloedtafier nei de harsens. Dêrby passe de [[ier (bloedfet)|ieren]] har net fluch genôch oan en heapet him tefolle bloed yn 'e [[búk]] en de [[skonk]]en op. In folle slimmere foarm fan bewusteleazens is in [[koma (genêskunde)|koma]], dat soms ûntstiet nei in slimme klap op 'e holle en dat yn guon gefallen [[jier]]ren duorje kin. By lang duorjende koma's wurdt men der faak nea wer út wekker. Soms wurde swierferwûne pasjinten troch harren [[dokter]]s keunstmjittich yn koma holden om it genêzingsproses te befoarderjen. Algehiele [[anestesy]] is ek in foarm fan bewusteleazens.