Stalaktyt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
In '''stalaktyt''' (fan it [[Gryksk]]e σταλάσσω, ''stalasso'', "drippe", mei de betsjutting "wat dript") is in soarte [[stien]]formaasje dy't fan it [[plafon]] fan [[grot]]ten omleech hinget, of by [[waarmwetterboarne]]n of fan troch [[minske]]n makke konstruksjes, lykas oan [[brêge]]n en yn [[mynbou|minen]]. In stalaktyt is in type [[dripstien]]. De korrespondearjende stienformaasje dy't út 'e [[flier]] fan in grot omheech stiket, is in [[stalagmyt]].
 
Elts materiaal dat oplosber is, dat [[ranen|raand]] wurde kin, of dat ôfset wurde kin as in [[kolloïde]], kin in stalaktyt foarmje. Sokke formaasjes kinne dêrom bestean út [[lava]], [[drek]], [[Turf (brânstof)|turf]], [[pik (stof)|pik]] of [[sân (grûnsoarte)|sân]], mar se besteane almeast út [[kalkstien]] of [[mineraal|mineralen]] yn kalkstiengrotten. Ek [[iisjûkel]]s kinne beskôge wurde as in soarte stalaktyt. Sels [[beton]] kin ûnder beskate omstannichheden stalaktiten foarmje; in betonstalaktyt wurdt in [[kaltemyt]] neamd.
 
Stalaktiten yn kalkstiengrotten, dy't fierwei it measte foarkomme, wurde foarme troch de [[ôfsetting (geology)|ôfsetting]] fan [[kalsiumkarbonaat]] en oare mineralen. Dêroan giet in proses fan [[oplossing (skiekunde)|oplossing]] yn mineralisearre [[wetter]] foarôf. Kalkstien wurdt dan meitiid stadichoan oplost yn it [[koalstofdiokside]]hâldende wetter dat dertrochhinne rint, sadat der in [[kalsiumbikarbonaat]]oplossing ûntstiet. De gemyske formule dêrfoar is: