Stim: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
{{Oar|de minsklike stim|stim (betsjuttingsside)}}
[[File:Human voice spectrogram.jpg|right|thumb|250px|In [[spektrogram]] fan 'e stim fan in [[minske]].]]
De '''stim''' bestiet by de [[minske]] út it [[lûd]] dat immen makket troch by it [[sykheljen|útazemjen]] op in beskate wize [[lucht]] by de [[stimbannen]] lâns troch de [[strôte]] te parsen. Alle lûden dy't sa produsearre wurde, foarmje yn 'e mande mei ferskate [[stimleazens|stimleaze]] lûden it ferskynsel [[spraak]]. De [[lûdshichte]] of frekwinsje fan 'e stim is in yntrinsyk ûnderdiel fan it produsearjen fan spraaklûden troch de minske, wêrby't de stimbannen de wichtichste rol spylje. Oer it algemien is it sa dat [[manlju]] in swierder, of leger, stimlûd hawwe, wylst [[froulju]] en [[bern (persoan)|bern]] in heger stimlûd fuortbringe. Mei jins stim kin men [[praten|prate]], mar ek [[sang|sjonge]], [[laitsjen|laitsje]], [[gûlen|gûle]], [[roppen|roppe]], [[skreauwen|raze]], ensfh. Der binne ek lûden dy't rûchwei yn itselde diel fan it [[minsklik lichem|lichem]] produsearre wurde, mar dêr't men de stim net foar brûkt, lykas [[flústerjen]], it útsprekken fan [[stimleazens|stimleaze]] [[konsonant]]en en [[klikkonsonant|kliklûden]], en [[fluitsjen]].
 
It meganisme dat in stim generearret, kin opdield wurde yn trije ûnderdielen: de [[longen]], de strôte mei de stimbannen, en de [[útspraak|artikulators]]. De longen, dy't ienfâldichwei útlein de funksje fan in [[pomp]] hawwe, moatte genôch [[luchtdruk]] en luchtstreaming troch de strôte produsearje om 'e stimbannen trilje te litten. De stimbannen foarmje fibrearjende klepkes dy't de luchtstream út 'e longen yn hearbere pulsen knippe. Dy pulsen foarmje it ûnbewurke stimlûd. De [[spieren]] yn 'e strôte passe dêrby de lingte en spanning fan 'e stimbannen oan om [[toan (taalkunde)|toan]] en [[klam (taalkunde)|klam]] yn it stimlûd oan te bringen. De artikulators binne dielen fan 'e [[luchtwegen]] dy't boppe de stimbannen lizze, lykas de [[tonge]], it [[ferwulft (anatomy)|ferwulft]], de [[wangen]], de [[lippen]], ensfh. Dy filterje it lûd dat út 'e strôte komt en passe in fierdere [[útspraak|artikulaasje]] ta.