Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gysbert Japix portrait by Matthijs Harings.tif|thumb||Gysbert Japiks (1937), skildere troch [[Matthijs Harings]].]]
'''Gysbert Japiks''' ([[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[1603]] - dêre, [[1666]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] [[skriuwer]], [[dichter]], [[taalkundige|taalgelearde]], [[skoalmaster]] en [[foarsjonger]]. Hy is ferneamd wurden troch syn [[dichtwurk]]. Japiks libbet op de grins fan [[renêssânse]] en [[barok (stylperioade)|barok]] en dy oergong is ek yn syn wurk te merkbiten. Hy ûntwikkele nei it ferfal fan de [[Aldfrysk]]e [[taal]]tradysje in [[Midfrysk|nije Fryske kultuertaal]],. dêrynDêryn skoep er sawol [[proaza]] as [[poëzij]]. Syn [[fersen]] skreau er – lykas yn dy perioade gebrûklik – foaral om sjonge te kinnen. By syn libben waard de ''Fryske tsjerne'' útjûn, twa jier nei syn dea ferskynt syn samle wurk yn de ''Fryske Rymlerye''.
 
== Namme ==
Rigel 12:
 
Doe’t tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Ferneamder is er lykwols om syn wurk yn de polityk en tsjerke fan Boalsert. Hy hat alle tsjerklike funksjes hân dy’t der foar oaren as dûmnys wienen, lykas diaken en âlderling. Yn de tritiger jierren kaam er yn it stedsbestjoer en waard yn 1640 foar twa jier [[boargemaster]] fan [[Boalsert]].
 
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward.jpg|thumb|left|De [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] dêr't Japiks foarsjonger wie.]]
Nei de legere skoalle folge de jonge Gysbert de [[Latynske skoalle]] en learde ta skoalmaster. Nei syn stúdzje kaam er ynearsten by syn heit op kantoar, mar yn 1625 waard er beneamd as master yn [[Wytmarsum]], dêr’t er tsien jier bleau. Dêrnei hat er nei alle gedachten koart yn Bitgum oan it wurk west, om fan 1637 oant syn dea as stedsskoalmaster en -foarsjonger yn Boalsert te wurkjen.<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/39-j/328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
[[Ofbyld:Martinikerk Bolsward.jpg|thumb|left|De [[Martinytsjerke (Boalsert)|Martinytsjerke]] dêr't Japiks foarsjonger wie.]]
Gysbert Japiks hie al jong niget oan literatuer. Syn earste Fryske wurk is datearre op 1639, mar it is oannimlik dat er foar dy tiid ek al yn oare talen dichte hat. Gysbert Japiks wie sels meartalich en ek yn syn omjouwing wienen ferskate talen lykas it Frysk, Latyn, Nederlânsk en Frânsk yn gebrûk. Wêrom’t er nei 1639 krekt begûn is yn it Frysk te dichtsjen, is net wis. Mooglik waard hy stimulearre troch freonen of hy rekke ynspirearre troch de Fryske skriuwer [[Johan fan Hichtum]].<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/39-j/328-gysbert-japix Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref>
 
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste iuw noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de ''[[Bodleian Library]]'' yn [[Oxford]] telâne. Sa krige Gysbert JapixJapiks ynternasjonale belangstelling foar syn wurk en it Frysk. Tusken 1651 en 1655 sette Japiks fyftich [[psalm]]en oer nei it Frysk.<ref>Corporaal, J. (2018). ''Salang't de beam bloeit - koarte skiedns fan de Fryske literatuer. Ljouwert: Tresoar/De Gordyk:Bornmeer</ref> Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
 
Gysbert Japiks en Sijke Nicolai krigen seis bern. Fiif fan syn seis bern binne jong stoarn. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren âldste en iennichst oerbleaune bern Salves te ferstjerren.<ref>[http://depot.knaw.nl/8737/1/LG2003DeVondel0693_001.pdf Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek']</ref>