West Hollywood (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 33:
Uteinlik rekke West Hollywood as sintrum fan it [[útgeanslibben]] út 'e graasje, hoewol't de Sunset Strip in sterke oantrekkingskrêft op [[toeristen]] hold. Underwilens hiene har in protte [[rykdom|riken]] út 'e [[film]]yndustry yn it doarp nei wenjen set, dy't oanlutsen waarden trochdat der in stik minder regels wiene om nei te libjen (bgl. op it mêd fan [[huzebou]]) as yn Los Angeles. Yn 'e [[1960]]-er jierren waard West Hollywood in sintrum fan 'e [[hippy]]kultuer. Yn [[1978]]-[[1979]] en [[1988]]-[[1992]] setten har by twa grutte [[ymmigraasje]]weagen likernôch 6.000 [[Ruslân|Russyske]] [[Joaden]] yn West Hollywood nei wenjen. Sadwaande hat it hjoed de dei noch altyd de meast konsintrearre [[Russysk]]talige mienskip fan 'e Feriene Steaten.
 
Yn [[1984]] makke Los Angeles County plannen om 'e [[wet]]like begrinzings op it mêd fan [[hier]]ferhegingshierferhegings ôf te skaffen. De ynwenners fan West Hollywood beseften dat se sûnder begrinzings oan hierferhegings nea opbiede kinne soene tsjin it rikere diel fan 'e befolking fan Los Angeles en Beverly Hills, sadat se úteinlik út har eigen plak weijage wurde soene. Sadwaande ûntstie der in brede koälysje fan [[âlderein]], [[Joaden]], [[homoseksualiteit|homo's]] en [[lesbiënne]]s en [[earmoede|earmere hierders]] dy't bewurkmastere dat West Hollywood formeel [[stedsrjochten]] krige, sadat it syn eigen regeljouwing op it mêd fan hier trochfiere koe. Nei't dat slagge wie, waard der daliks ien fan 'e strangste hierbegrinzings fan 'e Feriene Steaten ynfierd.
 
==Demografy==