Amelânsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 24:
Under it regear fan Ritske Jelmera en syn opfolgers ûntjoech it Amelân him ta in selsstannich minysteatsje, sa't der yn dy tiid yn [[Jeropa]] withoefolle wiene, dat al liket soks no miskien apart, doe wie it neat gjin nijs. De ûnôfhinklikens fan it eilân waard erkend troch Jeropeeske grutmachten as [[Ingelân]] en [[Spanje]], en sa slagge it de [[Amelanners]] om troch it fieren fan in neutraliteitspolityk bûten ferskate grutte oarloggen te bliuwen, dêr't it buoreilân Skylge ferskillende kearen swier troch troffen waard. Hoewol't men de saneamde frijhear fan it Amelân hearrigens ferskuldige wie, genoat de eilânbefolking fierders in grutte mjitte fan frijheid, dy't mear noch as op it Fryske fêstelân in maatskiplike ôfkear fan rang en status oprôp.
 
Deselde sitewaasje waard hanthavene doe't de Van Cammingha's yn [[1681]] yn 'e manlike line útstoaren en it eilân oergie yn 'e hannen fan it aadlike slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn [[1704]] kocht steedhâlder [[Jehan Willem Friso]] it Amelân oan foar in bedrach fan 170.000 gûne, wêrnei't it oant de [[Frânske Tiid]] priveebesit bleau fan wat letter it [[Nederlân]]ske [[Hûs fan Oranje-Nassau|Keninklik Hûs]] wurde soe. As oerbliuwsel út dy tiid draacht de kening noch altyd de (no liddige) titel fan "frijhear fan it Amelân". Neffens jonker [[Montanus de Haan Hettema]], dy't yn [[1855]] ûndersyk die nei de [[testamint (akte)|testamint]]en fan 'e Van Cammingha's, wie ûnder it bewâld fan dat laach op it eilân it [[Hollânsk]] der de bestjoerstaal, wat betsjut dat it Frysk op it Amelân hast in iuw earder de status fan bestjoerstaal ferlear (nammentlik yn [[1398]]) as op it Fryske fêstelân (om [[1500]] hinne). Dat soe dan wer bydroegen hawwe kinne oan in hegere maatskiplike status fan it Hollânsk en in legerenien fan it Frysk.
[[File:Ameland_klederdracht.jpg|right|thumb|200px|[[It Amelân|Amelân]]ske klaaiïng mei [[earizer]].]]