Kleaster Kamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 44:
Mei de [[Frânske tiid|Frânske besetting]] feroarderen de kommissarissen Lépine en Thibault op 6 August 1802 de sekularisaasje fan it kleaster. Op al it replike en ûnreplike guod waard beslach lein en dêrmei kaam oan in lêste grutte bloeiperioade fan it kleaster definityf in ein. Op 10 augustus fan dat jier ferlieten de 27 muontsen mei harren abt Bernhard Wiegels it kleaster. Allinne de eardere kleastertsjerke waard mei rêst litten om tenei tsjint te dwaan as parochytsjerke.
 
In diel fan it koerstuolte, de kânsel en tal bylden en it oargel yn de tsjerke bleaune bewarre. Oare kleastergebouwen waarden by in feiling yn [[Aken (stêd)|Aken]] ferkocht oan seis keaplju. De gebouwen waarden ôfbrutsen of ferboud en in soad keunstskatten lykas de kostbere bibleteek en skilderijen gyngen ferlern. It lân fan it kleaster gyng op de boeren oer, dy't it oant dan ta pachtten fan it kleaster.
[[File:Kamp-Lintfort, kleastertsjerke, oargel.jpg|thumb|left|250px|<center>''Oargel''</center>]]
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch|Twadde Wrâldkriich]] ferhûzen karmeliten nei it kleaster, dy't de sielssoarch yn de stêd op harren namen en as dosinten op de skoallen wurken. It kleaster waard lykwols yn 2002 opheven en op ien nei ferhûzen de muontsen nei Nederlân.