Lânferrie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
'''Lânferrie''' of '''lânferried''' is in sammelnamme foar [[misdriuw]]en wêrby't troch [[ferrie]] de eksterne [[feilichheid]] fan in [[lân]] yn gefaar brocht wurdt. Dêrby falt te tinken oan it trochspyljen fan [[steatsgeheim]]en oan in bûtenlânske ynstânsje of it gearwurkjen mei in fijân yn tiid fan [[oarloch]] ([[kollaboraasje]]). Immen dy't him hjiroan skuldich makket, is in '''lânferrieder'''. As lânferrie begien wurdt troch in [[militêr]], sprekt men fan [[militêr ferrie]]. De bekendste lânferrieder út 'e skiednis fan [[Nederlân]] wie [[Anton Mussert]], de lieder fan 'e [[Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging|NSB]], dy't ûnder de [[Dútslân|Dútske]] [[besetting fan Nederlân]] yn 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] yngeand mei de Dútsers gearwurke. Ek in man as [[Poncke Princen]] waard lange tiid beskôge as lânferrieder om't er ûnder de [[Polysjonele Aksjes]] yn [[Nederlânsk-Ynje]] oerrûn nei de [[Yndoneezje|Yndonezyske]] [[opstân|opstannelingen]].
 
Men hoecht jin lykwols net wier skuldich te meitsjen oan lânferrie om as lânferrieder sjoen te wurden. Faak is it uterjen fan krityk op 'e [[steatsynrjochting]] fan jins heitelân dêrfoar al genôch. Sa waarden yn it [[tsaar|tsaristyske]] [[Ruslân]] [[kommunisme|kommunisten]] beskôge as lânferrieders, wylst letter yn 'e [[Sovjet-Uny]] û.m. [[royalisme|royalisten]] dêrfoar oanmurken waarden. Yn it hjoeddeiske [[Turkije]] wurdt de [[skriuwer]] [[Orhan Pamuk]] troch in soad lju as lânferrieder sjoen fanwegen syn krityk op 'e yn Turkije gongbere ynterpretaasje fan 'e Turkske [[skiednis]], en yn it bysûnder omreden fan syn stânpunt op it mêd fan 'e [[Armeenske Genoside]]. Mei't de [[skiednis|histoaryske]] en [[rjocht|juridyske]] ynterpretaasje fan it begryp 'lânferrie' sterk ôfhinklik is fan 'e belangen fan 'e ynstânsje dy't it oardiel útsprekt en teffens fan it fierdere ferrin fan 'e skiednis, is it saak om skruten te wêzen mei it opplakken fan it label 'lânferrieder'.