Hindrik IV, Diel 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 34:
[[File:Robert Smirke Henry IV part 1 act II scene 4.jpg|thumb|left|300px|Hal konfrontearret Falstaff mei dy syn leagens (in print nei in [[skilderij]] troch [[Robert Smirke]].]]
 
De serieuze bedriuwen fan 'e sombere kening en de broeiende opstân mank de eallju wurde ûnderbrutsen troch it komysk tuskenspul dat de nuveraardige eksploaten fan kroanprins Hal en syn liddichgongers fan selskipslju foarmje. Hal en syn maat Poins oerfalle bygelyks yn momkape Falstaff en trije fan har oare freonen, berôvje har en jeie harren de stupen op it liif, poer om te hearren hoe't Falstaff it barren letter yn eigen foardiel behimmelet, wêrnei't se de bút wer weromjouwe. Mar as de opstân fan 'e Percy's en harren bûnsgenoaten einlings fêste foarm oan begjint te nimmen, fermoedsoenet Hal him mei syn heit en kriget er in hege oanstelling. Hy swart dan dat er mei syn rebelske nammegenoat Hjitspoar ôfweve sil en oarderet Falstaff om him oan it haad fan in ôfdieling soldaten nei [[Shrewsbury (Ingelân)|Shrewsbury]] te bejaan, dêr't de slach plakfine sil.
 
By Shrewsbury komme de troepen fan 'e kening it leger fan Hjitspoar oer it mad, dat dêr wachtet op fersterkings ûnder Noardumberlân, Glendower, Mortimer en de aartsbiskop fan York. Hoewol't Hindrik oer in folle grutter leger beskikt, hat Hjitspoar de bettere posysje, boppe-op in heuvel. De slach begjint en duorret de hiele dei oan. Wylst de kening hiel wat te stellen hat mei de wylde Skot Douglas, komme Hal en Hjitspoar, de beide Hindrikken dy't net yn ien en itselde lân bestean kinne, gear yn it twagefjocht. De takomstige kening wint, en deadet syn rivaal Hjitspoar. Underwilens hat Falstaff him troch syn soldaten betelje litten sadat se thúsbliuwe koene, en boppedat hat er ek noch it jild opstrutsen dat er oan 'e earme stumperts tasein hie dy't er yn harren stee nei it slachfjild laat hie en dy't dêr sneuvele binne. As er sels úteinlik foar de Douglas oer komt te stean, beart Falstaff dat er fataal ferwûne rekket en hâldt er him dea. Nei't Hal it lichem fan Hjitspoar op it slachfjild efterlitten hat, komt Falstaff troch in sabeare wûnder wer ta libben. As er dan merkt dat er allinnich is, stekt er it lyk fan Hjitspoar yn it bil en swetst er dat hy dejinge is dy't de lieder fan 'e tsjinpartij deade hat.