Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st; oanf (transliteraasje ûnwis)
fl
Rigel 77:
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:Moscow City on 21 July 2008.jpg|thumbnail|Ynternasjonaal hannelssintrum yn Moskou. Troch de kredytkrisis wurdt de 612 m hege Ruslântoer net mear boud.]]
It [[BYP]] per persoan fan Ruslân is [[$]]14.800 (2007). De gearstalling fan BYP per sektor is 4,7% lânbou, 39,1% yndustry en 56,2% tsjinsten. Nei de Sowjetuny woe Boris Jeltsin it kapitalisme nei Ruslân helje. Tusken [[1991]] en [[1997]] gong it [[BYP]] mei 42% omleech. Yn [[1997]] wie der in lytse groei fan 2%, mar troch de finansjele krisis dy't begûn op [[17 augustus]] [[1998]] waard it wer minder. Sûnt 1999 groeit de ekonomy mei 6% yn 't jier. Dat hat te krijen mei de nijwearde fan de [[Roebel]] en de hege oaljeprizen. Mei it stadich groeien fan de ynvestearrings en salarissen kaam de ynlânske ekonomy wer op gong. Lykwols wie der yn it tiidrek 2000-2005 noch in grut ferskil tusken ryk en earm. De middenklasse wie yn dy perioade noch hiel lyts. De dominearjende oligarchen en oare rike lju en it banksysteem dat net goed funksjonearre makken wurken de waakst fan middenklasse tsjin. In soad banken wurde troch dy rike lju beheartbeheard en brûke it jild fan de banken foar lienings oan bedriuwen dy't oan har keppele binne. Troch de [[Kriich yn Súd-Osseesje]] yn augustus 2008 en de ynternasjonale [[kredytkrisis]] wurdt ferwachte dat it BYP wer omleech gean sil. AvtoFramos yn Moskou, dy't foar [[Renault]] boud, hat it fabryk fan 12 des. 2008 oant en mei 12 jan. 2009 slute moatten. Yn it megaprojekt Moscow City is de bou fan de 612 m grutte Ruslântoer yn novimber 2008 stillein; yn febrewaris 2009 is bekend makke dat it projekt útsteld is en dat de toer net boud wurde sil neffens de oarspronklike plenning. <ref>[http://www.gazeta.ru/business/2008/11/21/2890861.shtml Russysk artikel oer it stillizzen fan de bou fan de Ruslân toer]</ref>
 
== Demografy ==