Umberto Nobile: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 10:
Nobile kaam werom nei it noarden mei in oar loftskip, de ''Italia''. De ekspedysje mei dat skip begûn op [[22 maaie]] [[1928]], mar einige de oare deis yn in kres op it iis. It duorre twa wiken eart de radio-oproppen fan Nobile heart waarden, mar doe laten dy ta de earste poal-rêdingsaksje. Meiïnoar wienen 18 skippen, 22 fleanmasines en sa'n 1.500 man fan 6 lannen belutsen by de rêding fan Nobile.
 
Op 22 juny fûn in lytse fleanmasine mei mar frije romte foar ien persoan de loftskipbreklingen, en de oerlibbenden fan Nobiles bemanning oertsjûge Nobile dat hy as earste meigean moast. Nobile liet him yndie nei [[Spitsbergen (Noarwegen)|Spitsbergen]] bringe, om't er tocht dat er syn mannen dêr better helpe koe. Doe't de piloat werom fleach om de rest fan de bemanning te heljen, ferûngelokke dy sels. Earst yn july waard ek de bemanning fan Nobile rêden. Troch syn tiidgenoaten waard Nobile der fan beskuldige syn bemanning yn 'e steek litten te hawwen en hy moast him yn syn fierdere libben tsjin dy beskuldiging ferdigenje.
 
Al wie der ek wriuwing tusken de twa manlju, ek Amundsen die mei oan de syktocht. Op [[18 juny]] gong er mei it Frânske fleantúch de ''Latham'' op 'e syk nei Nobile. Nei in pear oere waard lykwols it kontakt mei de Latham ferlern, en it fleantúch en de bemanning binne nea weromfûn.